Beppe sil nei it flatsje

Boike Mark en jonkje Hugo sille jûn wer in foarstelling jaan. Wy witte fansels noch net hokker krystmenu se oan it tarieden binne mar der wurdt sein dat der net folle smaakliks te ferwachtsjen is. It soe dus wolris wêze kinne dat se sizze dat it foar alles fierwei it bêste is dat it kindeke Jezus ek efkes in mûlkapke oan docht. Want no’t dat fan 1 desimber lêstlyn ôf ferplichte is, giet it poerbêst mei de sifers dat it soe moai wêze as it kindeke de pyk der efkes op sette woe.

Ik ha ek in mûlkapke. Earst woe ik dêr net oan en it op in bekeuring oankomme litte mar doe’t ik dêr langer oer neitocht kaam ik der efter dat der hiel wat barre moat foar’t jo in bekeuring krije. By de bakker ha’k it freed noch al besocht mar dêr joegen se nul kommentaar, se seagen my net iens nuver oan. By de Aldi wie it tink ik ek daliks net slagge, dan hie ik earst slaanderij feroarsaakje moatten en dêr bin ik gjin foarstanner fan. Safier is it lykwols allegearre ek net kommen want ús mem sei dat ik earst nei de Hema moast om sa’n ding, oars woe se der net mei my yn.

No’t ik mûlkapkes ha (ik ha in grutferpakking kocht, donkerblau, dat is net sa’n besmetlike kleur) bin ik der wakker wiis mei. Want ik ha útfûn dat se ek tige geskikt binne om de autoruten mei te himmeljen as de sinne swier is. Oars die ik dat altyd gewoan mei de bleate hân mar dit is in stik nofliker. Bykommend foardiel is dat se dan ek net yn ‘e wask hoege omdat ik ek wolris smook yn ‘e auto en ik tink dat dy bisten nei dy kombinaasje wol aardich kroandea binne. Ik hoopje dat de sinne de hiele winter swier bliuwt, it leafst mei noardsúdeastlike swaksterke waadmarwyn. En temperatueren om de horror hinne. Soks soe nei 35 jier dochs wol in kear slagje kinne moatte.

Mar goed, it waar hawwe jo net yn ‘e hân. Wat boike Mark en jonkje Hugo sizze sille hawwe se wol yn ‘e hân. Dat ik tidigje der op dat se mei wat heldere teksten komme oangeande ûndersteande saak.

Beppe wennet yn in kast fan in hûs. Dat komt om’t de oarehelte wol in knappe baan hie mar dy is spitigernôch in pear jier lyn stoarn. Beppe hat de bern it hûs al lang út. De âldste wennet mei de frou yn de stêd yn in flatsje om’t der gjin fatsoenlike huzen te besetten binne. Se hawwe trije trettjinplussers. De jongste wennet mei syn flam (se hokke) in doarp fierderop. Sy hawwe trije trettjinminners mei in fjirde op komst en om’t dat wat út ‘e klau rint hawwe se it hiele hûs stript en wenje se tydlik yn in karavan op it hiem.

No wol beppe graach fan boike Mark en jonkje Hugo witte wêr’t de kalkoenen behaffele wurde kinne. Want beppe hat begrepen dat dat sjoen de regels net yn har kast fan in hûs mei foarkeamer, sitkeamer, bykeuken, fiif sliepkeamers en in baas hok mei. Mar se mei wol nei dy flat yn ‘e stêd. En dêr mei de jongste soan mei de hiele bringst dan ek by op dy tritich kante meter.

Beppe is suver út ‘e skroeven dat it sa moai kin allegearre. Want dy âldste fan de trije trettjinminners wurdt 27 desimber trettjin en dan hie it hiele feest net trochgean kinnen.

This article was written by Daam