Gelokkich ha wy korona

Doe’t ik ôfrûne woansdeitemoarn de kompjûter opstarte gong dat justjes oars as oars. Ik hearde wat sêfte pypkes en nei ferrin fan tiid kaam der in knipperjend kofferke mei in fraachteken yn byld. It is dat ik de kofje op hie, oars hie ik wol in hertfersakking krije kinnen.

Ek nei fjouwer kear in kâlde werstart itselde resultaat. Soks moatte jo altyd dwaan, oars hat jo holle net genôch tiid om de goede diagnoaze te stellen. Us mem frege al oft ik der ek min fan sliept ha.

Nee.

Allinnich wol it jo net rjocht oan want it bistje is noch mar fjouwer jier en hat boppedat noch nea hokker krupsje dan ek mar hân. En dan ynienen sa dea as in pier.

Oare kompjûter – út in erfskip, dat dy is in jier as fyftjin – op tafel. Docht it prima, allinnich kinne jo mei de oanwêzige prochjes net it ynternet op. Mar wy binne nochal ynklauwerich opbrocht, dat jo wolle daliks net om in nij apparaat.

Nei twa oeren sawat fernimme jo dat jo fan miening oan it feroarjen binne. In dei sûnder ierdappels soe noch te dwaan wêze, in dei sûnder in fatsoenlik wurkjende kompjûter net. Op nei de sitty dus. Dat is op himsels al in drama dat suver net te beskriuwen is foar in plattelanner.

Oankommen by de Frieslandhal (mar dat is no wat mei ekspoozjur of sa) is it ho. Se ha de hiele saak dêr op ‘e harsens, grif fanwegen healwizerij mei in bal dy’t der mar net yn wol. De ferkearsregelders stjoere jo by de trotwaarbannen op, dwers oer sa’n behyplike stedsgreide hinne dêr’t noch gjin knyn sêd krije kin. Oft jo wakker sunich op ‘e natoer wêze wolle, dan moatte jo dêr rydplaten oerhinne lizze mar dat sil de stedelinkjes wol net oan it ferstân te peuterjen wêze.

De kompjûterekspert kaam ta krekt deselde diagnoaze as my: der is gjin kontakt mei de hurde skiif mooglik. It iennichste ferskil op dit mêd tusken ús is dus dat hy betelle wurdt en ik net. Mar hy soe sjen oft der noch wat te rêden is. Moai.

By riten haw ik in geweldich ynskattingsfermogen dat ik ha mar in nij eksimplaar meinommen. Dy moast in soad leare. Sa’n nij ding wit werklik hielendal neat. Ik wol bygelyks net dat oft ik ‘harsens’ typ der ‘Arsens’ komt te stean. Dat liket my frij logysk mar de skoalle dêr’t sa’n kompjûter op sitten hat tinkt dêr blykber oars oer. En hy tinkt ek net mei. Wylst ik gewoan op ynternet sit en hy dus hiel goed wit wat myn adres en sa is, kin er de mails net fine. Dan moatte jo mei de KPN tsjette en dan ha dy apen jo klantnûmer ynienen in oplawibes jûn sadat de systemen dêr net mear op reagearje. En ik wit wol dat dat nije klantnûmer op de digitale rekkens stiet mar dêr kinne jo net by oft jo gjin mail hawwe. It foel my al ta dat de tsjetmefrou my fuortendaliks it klantnûmer joech. Tank dêrfoar.

Mei sa’n mailadres kinne jo in hiel soad. Dat is ferhipte handich want ik ha net sa’n boekje mei alle wachtwurden dat ik moast rûnom nije wachtwurden oanfreegje. Dêrnei docht de fraach him foar wat jo mei sa’n kompjûter kinne. It antwurd is frij ienfâldich: jo kinne op ynternet en fierder sa goed as neat.

It Officepakket fan de famylje Microsoft kostet sa’n 150 eury oft jo gjin abonnemint hawwe wolle. Ik wol gjin abonnemint en ik wol ek gjin 150 eury betelje. De prochjes Pages en Numbers fan mynhear Apple kinne jo allinnich noch yn de digitale winkel krije. Fergees, dat wol. Mar ik wol gjin dingen út dy winkel, se hoege net te witten wat ik allegearre op dy kompjûter set. En de Cloud bin ik plan-út allergysk foar. Se kinne wol sizze dat dat allegearre och sa fertroud is mar dan moatte se my mar ris útlizze hoe’t it komt dat der hieltyd fan alles en noch wat op ‘e dyk leit.

No ha ik Apache Open Office der op. Is fergees, wurket prima en nofliker as Pages en Numbers dêr’t ik bytiden nuver op omflokt ha.

Fierder mei de syktocht want ik moat Creative Suite ek ha. Dat slagge my fjouwer jier tebek wûnderbaarlike goed mar no net. Dat is mear as spitich mar it is net oars. Dêr kinne jo ek in abonnemint op nimme foar sa’n 60 eury de moanne. Dat is moai en aardich foar in bedriuwke mar foar in partikulier is it de misdiedige kant neist. Ik bin der noch net wis fan hoe’t it fierder sil mar foarearst ha ik foar Photoshop as ferfanger Gimp, foar Illustrator Inkscape en foar Indesign Scribus. Allegear fergees. Se eagje wat minder freonlik mar myn earste yndruk is dat ik der wol mei kin wat ik wol en moat.

No moat der noch in ferfanger komme foar Imovie. Want dêr smyt ik allerhande YouTube-filmkes yn om fan de freeslike reklame tuskentroch ôf te wêzen. En dan bin ik wer by.

No ja, net hielendal. Alle materiaal fan ferienings en broerke syn boekhâlding fan de lêste fjouwer jier is fuort. Dat is wol oer te kommen want oft jo de Btw ienkear trochjûn hawwe dan is de belestingtsjinst wol koest en foar de ferienings hoecht it measte ek net werbrûkt te wurden.

Allinnich in toanielstik dêr’t ik oardel jier oan skreaun ha en oan de útfiering ta wie mar noch net printe is ek fûtsy. Gelokkich ha wy Korona dat it bestjoer hoecht it earst noch net te witten…

Freed de stikkene kompjûter wer ophelle. Hy docht it wer. Nije skiif yn kommen, dêr stiet dus hielendal neat op. Kin ik dy moai brûke as boartersguod.

Oft ik takom wike teminsten noch wat by te setten ha. Want ik wie op ‘e weromreis efkes yn in stedswinkel oan om boadskippen. Oft jo de sykte oprinne wolle, moatte jo dêr wêze. Wat in stel dwazen, it wie der noch drokker as destiids yn Sans Souci by Tom en Annie. Wol allegearre braaf sa’n ding foar de snuffert mar dat jout sa fansels hielendal neat.

It wachtwurd fan it bloch wist ik noch. Knap, no?

Der bliuwt noch mar ien fraach oer: is it ek dom dat ik de lêste fjouwer jier gjin reservekopyen makke ha?

Published
Categorized as Bloch