Rikke beropswoarst, net te fretten

Fan de beropsfriezen begryp ik dat in ‘rookworst’ in rikke woarst is. Dat is fansels net sa, in ‘rookworst’ is in ‘rookwoarst’. Want in rookwoarst wurdt net rikke mar sean, dêr wurdt hielendal gjin reek by brûkt. By de rook fan gers wurdt ek gjin reek brûkt, gers rikket net mar gers rûkt. Dong rûkt ek al wolle guon hawwe dat it stjonkt. Sokken binne finaal bedoarn, ik soe net besykje dêr mei yn petear te gean.

Rookwoarst dus. Dy dwazen dy’t it ferskil tusken rûke en stjonke net witte hawwe ús de lockdown yn avensearre. Us tank is ûnhjirmlike grut. Wy kinne no allinnich noch nei winkels foar essinsjele dingen. Is rookwoarst essinsjeel? Foar my net. Mar dat is patat ek net en ik leau dat de út ‘e-muorre-fretterijen ek gewoan iepen binne.

Fan ‘e moarn begriep ik dat it juster by de Mediamarkt in grutte gaos wie. Dêr skine filmkes fan te wêzen mar dy ha ik net sjoen. Ik leau dat ik twa kear by de Mediamarkt west haw. Beide kearen waard ik dêr ferskuorrend licht fan yn ‘e holle en ik ha my foarnommen dêr noait wer te kommen. Is in nije magnetron essinsjeel?

Ik hoech net faak in nije magnetron. En as dat al moat helje ik dy by Expert yn Sint Anne. Dêr is it noait botte drok, mear as fiif klanten ha’k dêr noch noait troffen. De Expert kin net fan my bestean want fierder as ien kear yn de fyftjin jier in nije magnetron, sa no en dan wat inket foar de printer en sa kom ik net. Ja, de waskmasine en de droeger komme der ek wei krektlyk as in DAB-radio en in kofjesetapparaat. Dat binne allegearre dingen dy’t ik net alle wiken hoech.

Neffens de rûk- en stjonkidioaten moatte wy dat no online bestelle. Dat liedt der op termyn dus ta dat jo yn Stiens en Sint Anne hielendal neat mear krije kinne. En dat allinnich om’t de konsumpsjegekken har yn de stêd net gedrage kinne. Myn tank is justjes minder grut as dat ik earder stelde.

Ofrûne freed foar in wike ha’k noch in nije broek en in nije jas kocht. Yn Sint Anne by Tupelo. In nije broek kin hiel essinsjeel wêze. Want as it net essinsjeel is hoech ik gjin nije broek. De essinsje docht him foar as ik beide knibbels der troch haw. Dat skynt al wakker yn ‘e moade te wêzen mar ik ha dêr net folle mei. By Tupelo sjogge se jo in kear op en del oan en pakke nei’t jo meidield hawwe dat it net te woest moat en it ek gjin eksimplaar wêze moat dêr’t noch foar it ôfrekkenjen gatten yn falle fuortendaliks de goede maat en dan binne jo binnen fiif minuten wer bûten. Ek by Tupelo tref ik noait mear as in man as trije.

Foto Kampen kom ik allinnich foar in nije foto foar it rydbewiis. Dêr kinne se net fan bestean. Se ha ek horloazjebantsjes. Dat kaam goed út want ús mem harres wie lêsten stikken. Foar ús mem is in horloazje essinsjeel, krektlyk as in wekker want se moat der moarns om healwei seizen ôf, oars lizze jo de hiele dei efter op skema en dat kin net oft jo fiifentachtich binne.

Mar al dy winkels dy’t it krekt rêde mei dy pear normale minsken dy’t net allegearre tagelyk yn de stêd om jachtsje om in sykte alle gelegenheid te jaan him te fersprieden binne no ticht. Wêrom moat dat?

Fier foar al dy doarpswinkels in legitimaasjeplicht yn. Allinnich tagong foar de ynwenners dy’t yn in straal fan tsien kilometer wenje, útsein dy út de alve stêden en it doarp Drachten. Dan meitsje se sels wol út wat essinsjeel is.

Want ja, ik ha juster ek noch gau in boadskipke dien. Want ik soe werklik net witte wêrom’t de hûn it belije moatte soe dat der nochal wat dwazen omrinne. De belestingtsjinst soe dat ek net aardich fine want hy byt my dea oft er gjin barge-ear krijt wylst wy de steat oan it sponsorjen binne.

This article was written by Daam