Wat moat der foaral net barre?

De krisis begjint aardich op in klucht te lykjen. En mei in klucht is it meast de bedoeling dat jo jo de bûsen útskuorre dat ik ha mar besletten dat ek te dwaan.

De iene lijt mear ûnder de krisis as de oare. Dyjingen dy’t it lûdst krimmenearje ha it minst te lijen, dat is it útgongspunt. Noch net sa lang lyn mjekkeren de supermerkbazen om it lûdst dat it klauwen mei jild koste mei al dy winkelkarrehimmelfamkes en sa. Dat sil. Mar oft jo yn sawol it Deiblêd as de Ljouwerter (en nei’t ik oannim yn noch aardich wat oare kranten) 8 (acht!) hiele siden advertinsje betelje kinne dan sil it wol in slach tafalle.

Tongersdei stie ik foar it earst yn myn libben bûtendoar yn ‘e file by de bakker. It wie moai waar (gjin simmerbui te bekennen, mar dat kin ek net yn ‘e winter) mar mocht it nedich wêze dan ha se in bak fol parapluën bûten stean dy’t jo samar fergees efkes brûke meie. Wy stiene dêr mei fiif man (mei tink ik net) en elk op my nei hie kreas in mûlkapke foar. Dat is bûten net ferplicht.

En se jouwe ek hielendal neat oft jo de oare regels net wat yn acht nimme. Dêr wit Sinteklaas alles fan, hy hat leau ik al achttjin man it grêf yn holpen. It sil my oars ek benije hoenear’t dúdlik wurdt hoefolle gammele en net rjocht halige lju nei in fluggyfluchgautest negatyf tige optein op nei de âldelju set binne.

In pear dagen lyn wiene der ek samar in pear mutanten. Dat wie neffens de saakkundigen net hiel ferûntrêstend want ien fan de beide hie krekt in loop nei Ingelân hân dat dan is soks logysk en goed ta trasearjen. De oare deis hie dy mutant ynienen net mear yn Ingelân west. De saakkundige ferklearring foar dy frijwat akute wiziging is my ûntgien. De rest net.

Sa’n krisis kin fansels net sûnder in kabinet. Dêrom sit it kabinet der ek noch. Wat mei urginsje. Dat no ha se hjir en dêr € 30.000,00 útdield. En it moaie is dat jo neat werom hoege te beteljen as jo eins mar rjocht hawwe op € 5.000,00. Dat is prachtich. It wurdt al wat minder as jo rjocht hawwe op sis mar € 29.999,00. Dan soene jo sizze kinne dat jo sa goed as lyk binne mar ik tink net oft jo dêr hiel bliid mei binne as jo ûnderwilens in geastlik wrak binne en jo boppedat jo bern fan alles en noch wat ûntsizze moatten hawwe. En oft jo rjocht hawwe op € 75.000,00 dan soe ik tink ik sizze: rin nei de hel.

Mar dat kin dus net want it is krisis. Of it is in klucht. De twadde keamer sil op 5 jannewaris al wer byinoar komme. Urginsje.

Faaks kinne se de GGD dan ris wat nije kompjûters jaan. Want dy’t se no hawwe dy kinne net meiïnoar. De iene wol nammentlik hawwe dat ik ‘D. de Vries’ bin wylst de oare wakker úthâldt dat dat net goed is om ‘t it ‘Vries de, D.’ wêze moat. En wer in oaren wol net oars as ‘De Vries, D.’ Ik moat dus eins earst trije kear in krupsje oprinne foar’t jubeljonkje Hugo soks troch krijt. En dy jubelet wat ôf.

Hy hat eins oars net as goed nijs en hy hat krekt fan dy gleone rotte-eachjes as mantsje Pechtold. Ik krij it der Spaansk benaud fan.

Dat moat fansels net want dat heart net sa by in klucht. Fanwege ien mutant it fleanferkear nei it eilân stil lizze mar de boaten en treinen earst gewoan trochfarre en -ride litte. Dat heart al by in klucht. Skynt mei regels te krijen te hawwen. Dus fûtsy urginsje.

Mei âld en nij sil de plysje fanwege dyselde urginsje mei skerp sjitte. Dêr bin ik op himsels net in hiel grut foarstanner fan. En safier hie it ek hielendal net komme hoecht oft se net de hiele simmer yn ‘e krante set hiene ‘greep niet in’. Dêr went it folk ta. It is dus eigen skuld, dikke bult. Hie dy heale gekken dy’t sanedich fiere moasten dat der in winterkampioen is wat op himsels hielendal gjin offisjele titel is mei in slaaie of sa op ‘e harsens slein. En meitsje sjoernalisten in kear dúdlik dat se net tsjin elkenien ‘do’ sizze moatte om’t se dêr in kear in bak kofje mei dien hawwe.

Set dat hanthavenjen mei âld en nij asjeblyft út dy ûnnoazele politike koppen. Bliuw thús. De plysje en de brânwacht ek. Lis út dat geweldrelatearre sikehûsopnamen efkes net mooglik binne.

En wat de politisy thús moatte? It Brexitboek lêze. En der net earder wat oer sizze as dat se it út hawwe. Praat fan ûnnoazele halzen op basis fan oannames ha wy neat oan. Want dan krije jo € 30.000,00 wylst jo € 100.000,00 hawwe moatte en dan noch foar it libben skeind binne.

En besykje – mocht der tiid oer wêze – ris út te finen hoe’t sa’n firus wurket. Ik sil in bytsje helpe: dat firus hat in gasthear nedich. As dy gasthear bliuwt dêr’t er is krijt dat firus syn nocht. Wat moat der dan barre? En wat moat der foaral net barre?

This article was written by Daam