Dêr geane wy dan

It is de tiid fan de jieroersjoggen. Ik kin frij koart om ‘e hoeke: yn 2020 ferskynde der in firus op it toaniel dat ús besiket wat út te lizzen. Oant no ta wurdt der net nei harke en it liket der ek net op dat dat noch barre sil. Dat hâldt dus yn dat it firus en syn kammeraden winne sille. Minsken binne no ienkear de ûnnoazele kant neist. Neat gjin nijs dus yn 2020.

Dêrom ha wy ek wer in Top2000 en in Top100. Minsken binne it altyd yn grutte mearderheid iens dat dêr allegearre al of net sjongbere útspattings en opstigings tige heech yn einigje moatte. En omdat de mearderheid it foar it sizzen hat wurde wy dêr mei dea sabele. In nij fenomeen yn 2020 is dat fan ‘e wike ‘Met het oog op morgen’ by Oes Omroep, Oes Taal sneuvele is. Dat is mear as tryst want ik kin mei dy Fryske sankjes mar ferhipte min yn ‘e sliep komme. Fan ‘e oare kant moat ik earlik tajaan dat de kar fan de harkers oerdeis my wolris minder foldien hat. Sa no en dan komt der wolris in hiel aardich rideltsje foarby. Mar dat hellet it fansels allegearre lang net by myn smaak. Ik mei der graach oer dat der wat mear mei muzyk dien wurdt as wat dom op drumstellen omhuffe en oan snaren omklauwe en hjir en dêr wat humor kin ek gjin kwea.

Dus. Dêr geane wy dan.

Op IEN. Sina.

Sina is it lân dêr’t se de Oeigoeren it libben ûnmooglik meitsje en sjoernalisten dy’t wat oars sizze as winsklik achte wurdt opslute. Dat is net bêst. Wy soene soks hjir noait dwaan. Boppedat witte se mar amper hoe’t jo fatsoenlike bamy meitsje wylst iten mei mes en foarke ek al net oan har bestege is. It binne dus eins in soarte fan barbaren. Dat sil sa wêze mar wat se mei muzyk dogge mei ik wol oer. Hjir ien sa’n produksje. Se leverje op syn minst om de oare dei in nijen. Izeren dissipline, as dat hjir sa sil dan meie wy wol 48 oeren yn in dei tropje.

Op TWA. Japan.

Ik wit net folle fan Japan. Japanners meitsje leau ik altyd foto’s fan fan alles en noch wat. Dat soene wy noait dwaan. Wy meitsje allinnich kykjes fan lju dy’t al healdea binne om’t se yninoar slein binne of ûnder in auto kommen binne. Japanners doge dus eins foar gjin noch safolle. Wat al sa nuver is, is dat se dus bands hawwe dy’t allinnich út froulju besteane. It is ferskuorrend. De Amearikanen (ús freonen) hawwe nochris besocht de saak dêr foargoed út te rûgjen mar dat is jammerdearlik mislearre. Wy bidde noch alle dagen foar de Amerikanen. It leafst in kear as fiif deis. Want it soe net bêst wêze as wy sûnder Amerikanen kamen te sitten.

Op TRIJE. Kazachstan.

Fan Kazachstan wit ik noch minder. It binne buorlju fan de Sinezen en de Russen dat der kin noait folle goeds oan wêze. Dochs ha se dêr in sjonger mei in ûnhuer grut berik. Hy soe faaks ris in duet mei Greetje Bijma dwaan kinne, dêr soe Frysân gâns mear fan opfleurje as fan Frânske reuzen dy’t yn it Ingelsk kommunisearje.

Op FJOUWER. Bulgarije / Ruslân

In heale Rus. Dat is fansels altyd noch better as in hiele Rus. Russen binne net te betrouwen. Se moatte op syn minst wol in kear as tûzen yn it genyp besocht hawwe ús te fermoardzjen. Mar dat is har noch nea slagge dat dêrom sille der ek gjin skriftlike ferslaggen fan wêze. Se skine har der goed by te fielen. En ik ek, mei sa’n sanger en sa’n band. Russen kenne wy foaral fan de bûntmûtsen al sjogge wy dy hieltyd minder. Dat soe komme kinne om’t se hjir al in hoart net west hawwe om ús de murden te ûntfytmanjen, wy sitte der ûnder. Dat moat hast wol in nije strategy wêze. It prosedee om Beerenburgh te meitsjen ha se al stellen, mar dat neame se wodka. It binne sûpbisten. Wy soene dat hjir noait dwaan. Fierder as karbidsjitten komme wy net en dat is sa ûnskuldich as wat.

Op FIIF. Australië.

Australië is net folle mis mei. No ja, se ha de Aboriginals it libben frijwat ûnmooglik makke mar dy sille wol ynsjen dat westerlingen wat mear ferstân hawwe as sljochtweihinne. Sjoch: oft Sinezen en Russen soks dogge, dat kin fansels net omdat dy dus net doge mar lju mei in westerske beskaving meie dat fansels wol dwaan want dêr wurdt it libben ek foar dy oaren allinnich mar better fan. Wol spitich dat se al dy koalabearen fan ‘t simmer op ‘e barbekjû omkomme litten hawwe. Dat soene wy noait dwaan.

Straalen is op YouTube net hiel produktyf mar wat er makket, stiet as in hûs.

De nûmers SEIS oant en mei NJOGGENENNJOGGENTICH bliuwe noch efkes geheim. Dat is wizânsje yn Fryslân en jo moatte net te bot ôfwike fan dat wat elk graach wol.

Op HUNDERT. Fryslân.

Tsja. It wie al efkes sykjen mar ik haw him fûn. It is wol in frij beroerde opname want der sitte allerhanne lûden by dy’t der hielendal net by hearre. Mooglik wie it jild foar in knappe studio op. Dat kin. It management moat op ‘t lêst ek betelle wurde. Mar it is wol in moai deuntsje en it wurdt yn it Ingelsk spile. Dat is hypermodern. Sinezen en Russen soene dat net gau dwaan.

This article was written by Daam