‘onvoldoende wendbaar gebleken’

De titel komt fan jubeljonkje Hugo. Ik soe sizze: ‘kloaterich’. Juster wie it jubelaarke oars tige behindich krieme. Oerdei karde er al wer in faksin goed, de jûns net mear. Net dat soks yn ús lân noch wat útmakket, der kin hjir in hiel soad sûnder dat dêr kapsje op komt.

Sels de opposysje is al safier dat se fan betinken binne dat se gjin ferantwurding ôf hoege te lizzen foar de tiid dat se yn it kabinet sieten. Piter Wilkens sjongt hieltyd oer it paad werom mar dit paad liket my streekrjocht nei in diktatuer ta te rinnen. Yn in diktatuer binne ferkiezings net nedich. By ús ek net mear.

Sikehûsmanagers wolle no eins wol fêstlein hawwe wa fan de ûnderhearrigen al of net pript binne. Oars witte jo net oft dyen al of net fertroud mei in pasjint yn ‘e slach kinne. Earder hat de steat him de liken al taëigene oft dy by it libben teminsten net dúdlik oanjûn hawwe dat net te wollen.

Der kinne lykwols ek redenen wêze om jo net faksinearje te litten, mynhear de manager. Ien dêrfan kin in medyske wêze. Guon kinne no ienkear net oer dat guod. Wêrom moat de steat dêr fan witte? In twadde reden kin fan religieuze aard wêze. Dêr kinne jo it al of net mei iens wêze mar dêr giet de steat – en dus de manager – net oer. It soe nammers wol noflik wêze oft de religieuzen oare religieuzen ek wat yn har wearde litte. Want der is by myn witten gjin religy dêr’t se it oer alles iens binne. Allinnich de bibel al is blykber foar safolle ynterpretaasjes fetber dat der gjin tou mear oan fêst te knoopjen is. Oars: ik sjoch it ferskil tusken in religieuze byienkomst mei in man as 300 en in demonstraasje fan 1.750 man net rjocht. Of it soe al wêze moatte dat de earste him oan regels hâldt en de twadde net. Ik ha Grapperhaus der net oer heard.

In tredde reden om net te faksinearjen kin wêze dat jo fan miening binne dat wy it firus net bestride moatte mar it libben sa ynrjochtsje dat it him út himsels deljout. Dat is net wat de mearderheid wol. De mearderheid wol mei faasje fierder mei dat wêr’t se altyd al mei dwaande wiene. By no en by dan in grypstehealstoer oermeitsje nei 555 om minsken dy’t net mear as ien panne hawwe it gefoel te jaan dat se och sa meitelle.

Dy minsken mei ien panne. Dy binne út ‘e skroeven oft der iten yn dy panne komt. De goederjousken binne dat net. Dy wolle njonken dy panne ek in tosty-izer, in frituerpanne, in fonduestel, in barbekjû, in goermetstel, in airfryer, in grillplaat, in mikser, in keukenmasine, in magnetron, in ûne en in elektrike plaat mei seis hjittepunten. En se wolle in kofjesetapparaat, in senseo, in wettersierder, in boiler en in cv. In krultange, in föhn en in wasemkap. En in waskmasine en in droeger. En in ôfwaskmasine.

Om ‘e fiif jier in nij bankstel. Bûten ek. Dêr hingje se kachels op griene stroom del. Want se ha troch krigen dat der neat better foar it miljeu is as griene stroom. Jo kinne der noait tefolle fan brûke. En omdat dat sa is rjochtsje se ek in bûtendoarkeuken yn sadat griene stroom optimaal brûkt wurde kin. Yn de keuken meitsje se tige ferantwurde en bewust hapkes klear mei guod dat se út alle hernen en hoeken fan de wrâld wei klauwe. Tusken twa happen hawaitosty troch beprate se dat boeren sirkulêr en allinnich foar eigen folk ferbouwe moatte. ‘Dy ananas is treflik!!!’De fipronil sile se tûk om hinne mar de Sineeske flearmûzen wurde al justjes de hel yn praat. ‘Ik ha ek noch lekkere walnuten skoard’. Hap, hap, hap.

‘Hâld dy de waffel ris efkes, boike Mark is op it skerm.’ Moai skerm, 60-inch. Boike Mark fertelt hoe grutsk er wol net op syn beukerkes is dy’t sa tige ferantwurde en bewust yn it libben steane. Hiel oars as yn de lannen om ús hinne. ‘Ek noch in banaan?’

Sûnder hokker bewustwurding of ferantwurdng dan ek mar haffelje se troch en komme der tige grutsk op dat de bern op skoalle út ‘e skroeven binne as se fertelle meie oer de stekkerauto fan heit. Heit is sa stoer as wat. Heit hat der lykwols net by ferteld hoefolle Kongoleeske stakkers nedich binne om ien stekker oan de praat te hâlden. Heit hat gjin Kongoleeske bern, heit hat allinnich Fryske bern. En in stekkerauto.

Dy hat mem net. Mem hat in auto foar de boadskippen. En omdat mem op syn minst like bewust en ferantwurdlik as heit is, jakkeret se de hiele provinsje troch op jacht nei útlânske fruchten en benammen op ‘e syk nei plakken dêr’t dy op syn foardielichst te krijen binne. Omdat se ek graach noch wat jild oerhâldt foar Bengaalske t-shirten dêr’t de bern dêre de ferve noch fan oan de hannen sitten hawwe.

Al datsoarte saken (no ja, de útlânske bern litte se útsoarte folslein bûten elke beskôging) ûnder it freugdehaffeljen.

It praat komt der ek noch efkes op dat der op ‘t heden in hiel soad net kin. Mar dat sil gau feroarje want it faksin wurdt de religy dêr’t gjin bibel of koran mear foar nedich is mar elk sûnder kantroeren yn leaut. Want the show must go on.

Wa’t net meidocht is in heiden en sil ferballe wurde.

Neat leard. Sa grouwélich ferfretten dat se noch te beroerd binne it wurd egoïst op te sykjen.

Ruim voldoende wendbaar dus.

Foardat it ris yn har opkomme sil in hiel lyts snipke fan it grisseltsje ferstân dat har mooglik taskikt is en se har soargen begjinne te meitsjen oer de eigen bern en bernsbern sil der earst wolris in nij firus komme moatte. En noch ien. En noch ien.

Mooglik… Yn it alderraarste gefal betinke se dan dat al dy plestik rotsoai hjir net op it lân waakst en se de hiele godgânske wrâld foar har yn it spier hawwe omdat har bern op skoalle sa nedich fertelle moatte dat boike Mark fynt dat harren âldelju de alderferantwurdlikste en bewuste eksimplaren binne dy’t it grutkaptaal ea opsmiten hat.

En dat se dêrom elke moarn foar it nei skoalle gean leaver in spuit yn ‘e bealch hawwe as in stik bôle. Omdat bern yn earme lannen ek gjin bôle hawwe. Mar allinnich mar bananen en ananas. Ienkear yn ‘e wike of sa.

This article was written by Daam