Pidgin

Soms ha jo minsken dy’t fan healwizichheid net mear witte wat se útfine moatte. Sa’n tiid sitte wy no fansels ek yn mar dêr wol ik it net oer ha. Bushokjes en sa ôfbrekke is fan alle tiden dat dêr doel ik daliks ek net op.

Bekende foarbylden fan sokke balstjurrichheden binne bygelyks beachvolleybal, blaasfuotbal en plankjekeatsen. Dat is allegearre frij ûnskuldich en op himsels is der net folle mis mei, it folk is teminsten fan ‘e dyk.

It wurdt fansels in oar ferhaal oft allerhanne neffens harsels ‘renormearre’ ynstituten harren der mei begjinne te bemuoien. Sokken sette it hiele kantoarleger, ynklusyf direksje en ‘it fjild’ yn om harren kluchten stal te jaan. Bulten jild binne der mei anneks dêr’t ik leaver fan sjen soe dat dat giet nei efterstânswiken sadat dy byneed balskoppe kinne op en as d’oar fjildsje as dat it nei dizze ûnsin giet.

Pidgin. Ik moast

(‘moast’ is doetiid en moat dêrom net mei in t foar de s. Dat moat al yn de notiid, dan is it dus ‘moatst’ en dat moat brûkt wurde om dy foar de pidgin op te jaan. Dat efkes foar it tige renormearre ynstitút dat oan dizze brol meiwurket)

earst opsykje wat dat yn de leave frede is. It is in taal. Meast foarme troch 2 (twa!) talen wat trochinoar te mjuksjen sadat de iene de oare wat better neikomme kin. Neat mis mei, Papiamintsk skynt der in treflik foarbyld fan te wêzen. Hjir om it Bilt hinne ha wy wat soartgelikens, wy skriuwe en sizze ‘treaf, bleaf, skreaf’. Dat is gjin Biltsk, gjin Frysk en gjin Hollânsk.

Mar krekt as soene wy yn Fryslân noch net genôch taalferskaat hawwe moat der sa nedich in nije taal ûntwikkele wurde. Mei meiwurking fan de renormearre ynstituten. De nije taal moat bestean út wurden dy’t och sa mist wurde yn de sawat tachtich memmetalen by it jin uterjen yn in oare taal. Dy moatte jo trochjaan en dan sil in keunstner dêr sop fan siede.

Al it jild dat dêrmei anneks is giet dus net nei it Frysk, it Biltsk, it Stellingwerfsk en it stedsfrysk. It is dus net allinnich in ûnsinnich projekt, it is klearebare kriminaliteit.

Boppedat is it Frysk sa’t de berops-, de djipfriezen en gâns oaren dat de wrâld ynslingerje al lang in pidgin. Dêr hoecht fierder gjin sint yn stutsen te wurden, it rêdt himsels.

Mar ja, de ynstituten en de polityk kinne wer ris in djoer wurd yn de stikken sette dat normale minsken earst opsykje moatte om it begripe te kinnen. Dat is noch krimineler as krimineel.

En wa tinke dy snoadsma’s dat dy gearmjuksel fan tachtich talen brûke sille. Tomke en Bear Boeloe?

This article was written by Daam