Se binne te kuierjen

2021 ferrint oan no ta sa moai as wat. It iene hichtepunt jaget it oare, sis mar. Hjoed is it fansels wol blue monday, dat is efkes in dipke, mar ien dei yn it jier moat soks kinne.

Freed hat it kabinet de kuierlatten nommen. Yn de measte kranten stiet dat it fallen is mar dat is net sa. Se binne opstapt om’t se benaud wiene dat se falle soene. Se koersten nammentlik streekrjocht op in tribunaal ôf en doe’t se dat bespeurden ha se gau besletten efkes in blokje om te gean. Dat is steatsrjochtlik net hielendal yn ‘e es mar dat kin ek net oft jo net witte wat rjocht is. Efkes buorkje dus.

Asscher rint net mei. Dy hat de brui der oan jûn. Oan de lette kant, dat dan wer wol. Mar hy giet net mei it kabinet te buorkjen. Wiebes is der ek net by. De man wie frijwat emosjoneel seine de presintatoaren. Ik ha allinnich mar heard dat er sei dat er net skuldich is mar wol ferantwurdlik. Hy wie der dus net by mar ek wer in bytsje wol. No ja, dy sit no dus te sjen hoe’t de oaren efkes in slach om binne.

Oer in moanne as twa sil it folk wol safolle begrutsjen hawwe dat de klup mei grut flaggefertoan wer ynhelle wurdt en ik gok mar sa dat Wiebes de catering dan fersoargje mei. Earme yn in útsakke Grinslanner gaswinput of sa.

It absolute hichtepunt fan de ieu, al duorret dy noch efkes, wie tink ik sneon. Dat wie de dei dat de nasjonale waardwaas op Oes Omroep, Oes Taal witte liet dat it folk sa goed as spikergek is troch sa’n drokte te meitsjen oer in protsje snie. Dan doare jo it wol oan. Boike Mark is der hielendal neat by.

Oft der no ien is dy’t oars neat docht as it folk opruie dan is it dy heale gek wol dy’t op de nijste ansichtkaarten albino harten allegeduerigen foar iisbearen oansjocht. Hy mjekkeret al wiken lang op matige froast om wylst der gjin dei foarby giet sûnder snie. En dan sizze dat it folk spikergek is?

Se moatte de man oppakke, ynfrieze en net earder wer bûtendoar sette as dat statistysk fêstlein is dat de nije iistiid in feit is. Dêr binne grif hiele moaie ansichtkaarten fan te meitsjen. Oft der teminsten net in oare wyn opstekt as op-, ûnder-, boppe-, syd-, ôf- of bûtenlandich.

Sneon en snein hiene wy de Europeeske kampioenskippen skaatsen ek. Foarhinne neamden wy dat reedriden mar wy hawwe hiele generaasjes dy’t snie en iis allinnich fan de waardwaas kenne dat dy witte fansels net wat reedriden is. Skaatsen is foar de Ingelsken ek better te ferstean dus dat hat sa njonkelytsen de foarkar.

Ik folgje dat altyd mei in heal each want dy ritten fan in kertier duorje my eins lang genôch. Op himsels is it wol knap dat se it binnen it kertier rêde, ik soe it har net neidwaan. Jo reitsje der slim fan efter de pûst. By de koartere ôfstannen stroffelet der wolris ien. It moat net aardich wêze oft jo mei in gonkje fan in kilometer as sechstich yn de betonkessens bedarje. Dan moatte ju ek suver efkes bekomme.

Dat heart der allegearre by. En it moaie en minsklike is dat yn de protokollen blykber fêstlein is dat dat op it skouder fan de coach mei. Oft jo by de eventuele huldiging wêrby’t jo einen faninoar ôf steane dan mar in mûlkapke op dogge. It ferskil tusken redens en kuierlatten liket dan net hiel grut te wêzen.

De fjouwer Europeesk kampioenen kamen nammers allegearre út itselde lân. Dêr binne se as yndividu fansels wakker grutsk op. Mar it duorret sa net sa lang mear dat it gjin topsport mear is mar klearebare folkloare.

Dat is de jûnsklok net. Dat is in slim gefoelich ûnderwerp, benammen foar lju dy’t de oarloch meimakke hawwe. Dêr kin ik my wol wat by yntinke. Tagelyk kinne wy leau ik fêststelle dat der net in hiel soad mear binne dy’t de oarloch meimakke hawwe en dy’t dat al hawwe hawwe tink ik net mear foar de moade om der jûns noch op en út. Likegoed kin it foar sokken aaklike gefoelens oproppe, dat jou ik ta.

De oare kant is dat wy praktysk besjoen al lang in jûnsklok hawwe. Oft jo jo teminsten justjes oan de meiïnoar ôfprate – of opleine – regels hâlde dan kinne jo jûns al hielendal nearne mear hinne. Al skoften net. Ik soe teminsten net witte wat der iepen is.

Oerdei kinne jo wol rûnom hinne. Jo kinne bygelyks efkes mei it fleantúch nei Londen oft jo dêr famylje om hiele goede kunde hawwe dy’t it kofjesetapparaat stikken hawwe en jo de iennichste binne dy’t dêr yn foarsjen kin. No hat net elk famylje yn Londen fansels dat dan kinne jo, mochten jo yn karantêne sitte, altyd noch efkes in loopke nei de buorlju of sa dwaan. Sizze jo gewoan dat de sûker op is en jo eins net sûnder kinne.

Foar sokken helpt in jûnsklok tink ik net echt. En hy helpt alhielendal net foar it jongfolk dat inoar aanst foar sis mar acht oere opsykje moat sadat se noch earder as oars oan de drank kinne. En dan soene jo tinke kinne dat se der tsjinoan sjen sille om oant fjouwer oere ta te wachtsjen foardat se wer fuort meie mar dan ha jo tink ik net rjocht sicht op trochsketten puberbreinen. En oars jouwe se har gewoan mei in man as acht-tsien op in bêd del.

In jûnsklok hie prima west. Yn septimber. No is it safier dat de dwazen krekt net dwaas genôch binne om net troch te hawwen dat it regear mar wat ropt en raast en nea echt trochpakt hat om it probleem oan te pakken.

En no te kuierjen is.

This article was written by Daam