De bjusterbaarlike rêding fan de hongerdea

Oes Omroep, Oes Taal is mei in nije rubryk begûn. Se fine it dêr nammentlik tige wichtich dat de Friezen wat mear witte oer wurden dy’t hast net mear brûkt wurde. As earste ha se ‘bjusterbaarlik’ behannele, it folgjende sil ‘kerbûstich’ wurde. Ik bin bang dat se net sa djip dolle sille dat se in ferbân mei de nasjonale waardwaas lizze, dat is dan in miste kâns.

Fierder bin ik fan miening dat it mear nut hat dat Friezen de mear gongbere wurden gewoan goed skriuwe sadat jo op Feestboek bygelyks tsjinkomme ‘moai hear’ yn stee fan ‘mooi jer’. En dat jo dat net allinnich op Feestboek sa sjen kinne mar ek op Oes Omroep, Oes Taal. Dan ha jo it lykwols net oer Frysk yn de marzje mar oer de status fan it Frysk. Dêr ferskille wy tink ik oer fan miening.

Frysk moat in drege taal bliuwe en dus moatte jo wat yn de marzje ompiele. Frysk is fansels ek in tige drege taal, krekt as Ingelsk. Jo kinne bygelyks ‘Let’s make things better’ fan de famylje Philips net samar yn it Frysk oersette. Oarsom jildt dat ek, besykje mar ris Ingelsk te meitsjen fan ‘Elts mei graach ris fiskje’. Of Hollânsk. Mei ‘fish’ en ‘vis’ komme jo net in ein.

‘Elts mei graach ris fiskje’. Boike Mark die it yn it jûnsklokdebat. Dat wie in bjusterbaarlike fertoaning. Ek frijwat trochsichtich want hy tante en hifke oer de rêch fan in man as 100.000 dy’t er krekt heal it grêf yn holpen hat efkes wat it allegearre lije kin. Hy fisket mei gâns minder ferdrach as Akke Radsma.

Ik ha dat debat fierder nammers net sjoen want ik hear net echt by de doelgroep dy’t sljocht is op poppekastfoarstellings. De útkomst wie ek allang bekend. Oft jo dêr dan earst noch acht oeren op omjeuzelje moatte dan begryp ik wol dat politisy sa goed as net te beteljen binne.

Ut de ferslaggen moat ik begripe dat D66 ús rêden hat fan de hongerdea. Want hoewol’t dy partij och sa’n foarstanner is fan de 24-7-ekonomy (sadat minsken dus net lid wêze kinne fan in korps, in toanielklup of in sportferiening) is it wûnder bard dat se it hiele libben redusearre hawwe ta in healoere deis.

Yn dat healoere dogge alle minsken boadskippen en drave se fyftjin kilometer foar de fitamine D. Ik tink dat se yn dyselde healoere ek folsleine politike programs betinke, úttinke wat bern leard hawwe moatte oft se acht jier, trije dagen en twa sekonden binne en wat der dan yn de bernekopkes noch by kin foardat se achttjin jier, oardel oere en in tel binne.

En se betinke yn dy healoere hoe’t it moat oft de pleatslike slachter beslút om op sneon tenei net mear om fjouwer oere ticht te gean mar om twa oere. Dan komme D66-ers dus net ta de konklúzje dat se earst om fiif oer fjouweren noch nei de slachter koene en dat no om fiif oer twaën dwaan moatte mar dat de wrâld fergiet om’t it tiidrek 16,00-16.05 net mear bestiet.

En dus driigje se dy slachter dan dat se wol nei de gruthannel geane as de man net beslút om om healwei trijen ticht te gean. En dan komme D66-ers om kertier foar trijen.

Nee, it is net ferbean om fan miening te feroarjen. It is ek net ferbean om te (pin)fiskjen. Mar oft de argumintaasje fan gjin kanten doocht en om hiel wat oars giet as in probleem op te lossen dan lit ik my net fange.

This article was written by Daam