Goed lêze. Benammen de wite stikken

Neffens Bruls – dat is dy man dy’t oaren altyd neipraat, yn dit gefal in plysjebaas – moatte wy gjin grutte wurden lykas ‘oarloch’ brûke.

Okee, gjin oarloch dus. En de man hat gelyk. Eins sitte wy middenyn in soarte fan doarpsfeest. No is it mei doarpsfeesten altyd sa dat it allegeduerigen op deselde plakken misbeteard. Dat is yn Fryslân ek sa. Ik soe se neame kinne mar dat doch ik net.

De politikelingen helje alles út ‘e kast om wurden oan dit feest te jaan, it soe om in hiel nij fenomeen gean. Dat is dus net sa. Om fuotbalwedstriden hinne sjogge wy al jierren lang presys itselde. Dat wol fansels noch net sizze dat it goed is.

De grinzen wurde hieltyd ferlein en de polityk rint dêrby as in soarte fan drumband foarop. Earst mochten wy net tsjin helpferlieners yngean, dêrnei net mear tsjin de plysje en no ek net mear tsjin sjoernalisten. Se jouwe dus sels in yn myn eagen hiele wûnderbaarlike skieding oan tusken wat al en net mear mei.

It liket my nuttiger ta ris nei te gean wêr’t it sawat misgongen wêze moat. Dat is fansels hiel min ien op ien oan te jaan. Earder ha ik wolris skreaun dat sjoernalisten ophâlde moatte elkenien te dookjen. En politisy soene dêr ûnderinoar publyklik ek fuortendaliks in ein oan meitsje moatte.

Dat soe in hiel lyts begjin wêze kinne. En yn dat gefal soe it ek mooglik wêze by geskikt waar in alvestêdetocht te organisearjen. No soe dat net kinne want jo kinne der wis fan wêze dat se dan de heale provinsje slope. En it komt my sa foar dat se dat dan net dogge om’t se lilk binne op it bestjoer fan de alvestêdetocht.

En dochs is it wol in hiel lyts bytsje oarloch. Want by in oarloch hawwe jo altyd in besetter. Yn Fryslân is dy ivich en altyd oanwêzich. Wêrom oars soene Frysktalige sjoernalisten it oars oer in ‘avondklok’ hawwe. Wa yn de leave oarloch hat no wer betocht dat it wurd ‘jûn’ ynienen ferballe wurde moat?

De oarloch tsjin it Frysk wol mar net oerbetterje. Freed stie der in fraachpetear yn it deiblêd mei de haadredaktrise fan in krantsje. Dat krantsje is fan doel op sa koart mooglike termyn it Ingelsk foar kar te nimmen as fiertaal. Allinnich fanwege it sa needsaaklike subsydzje sil de titel gewoan Frysk bliuwe: ‘de Moanne’.

It stiet der echt yn. Goed lêze. Benammen de wite stikken.

This article was written by Daam