Advys fan de sûnensried

Juster berikte my de fraach oer hoe’t ik der oer tink in beskate feriening wer wat op gong te krijen. It koarte antwurd dêrop is dat ik dat net wit mar ik ha in wat langer antwurd formulearre dat ik hjir fansels net delset want net elkenien hoecht alles te witten. Der stie al wat yn oer dat wy net witte hoe’t de saak him ûntjaan sil.

En dat docht hjoed mar wer ris dúdlik bliken. Der leit in advys.

Dat advys wurdt aanst fansels troch de twadde keamer oernommen want dat dogge se altyd oft se har ferskûlje wolle. Ik sil besykje de útwurking fan dat advys efkes koart te sketsen.

As feriening moatte jo foar aktiviteiten fansels in fergunning by de gemeente oanfreegje. Dy fergunning krije jo aanst ôfsjoen fan allerhanne oare easken allinnich as jo yn de protokollen opnimme dat dielnimmers/taskôgers allinnich meidwaan meie op fertoan fan in faksinaasjebewiis.

De politikelingen sille sizze dat it freegjen om in faksinaasjebewiis net itselde is as it ferplichtsjen fan faksinaasje. Dat kinne jo dwazen faaks wiismeitsje mar my net.

Dwazen goaie blikjes en fleskes yn it lân, dêr bin ik op tsjin. Dwazen sizze dat sande- en achtstegroepers oardel meter byinoar weibliuwe moatte yn in romte dêr’t dat net kin. En dwazen sizze dan dat dy bern in mûlkapke foardwaan moatte. Mar dyselde dwazen meitsje gjin beswier oft dyselde bern nei skoaltiid sûnder hokker restriksje dan ek byinoar oer de flier komme meie. Dwazen jouwe samar in heale ton út om de lêste pear Fryske wurden te ferbaljen nei plakplaatsjes op spegels.

Yn in lân dat optilt fan sokke dwazen is it faaks hiel gewoan earst hjir, dan dêr, en letter rûnom in faksinaasjebewiis te freegjen. Om letter naadleas oergean te kinnen op it previntyf faksinearjen foar te ferwachtsjen ûnrant. Bern ûnder de tsien net fansels, dy krije in astronautepak oan.

Is it moarn al sa fier? Nee. Mar alles wiist der op dat it grutte útrûpeljen fan de wrâld hoe dan ek trochgean moat. As dat it argumint is om te faksinearjen en alle dêrút fuortkommende ferplichtings te akseptearjen dan bin ik dêr op tsjin.

En ûnder dy kondysje sis ik alle meiwurking oan alle ferienings op.

This article was written by Daam