It grutte ynklaufestival

It is grut feest. Der komt in knoarre jild beskikber foar it ûnderwiis. Yn Fryslân noch mear as op oare plakken want Deputearre Steaten sille harres der ek ta dwaan. Dan kinne de Fryske berntsjes nei in Frysktalige – (of in meartalige fansels, mar dat is logysk) – teaterfoarstelling. Dat sil foar it Frysk fansels gâns fertuten dwaan en kin de ôfslutende musical fan groep 8 moai yn it Ingelsk mei in pear wurden Hollânsk der troch.

Ik ried de lokale toanielferienings oan de generale repetysjes foar de útfierings alfêst te foarsjen fan in tagongskaartsje fan in euro as fiifentachtich of sa. Dêr komme altyd bulten skoalbern op ôf en oft Deputearre Steaten betelje dan hat de mienskip ek noch wat oan dat Fryske jild. Jo moatte yn kânsen tinke.

Dêr boppe-op komt der noch 8,5 miljard eury beskikber foar it hiele lân. Ik wit net hoefolle 8,5 miljard eury is. Kin my der gjin inkelde foarstelling by meitsje. Dat jild skynt bedoeld te wêzen om de learefterstannen fan de jeugd yn te heljen en ek om noch wat oar jeugdich trelit op te lossen.

Ik ûntken net dat de jeugd it op ‘t heden net maklik hat want ik begryp hiel goed dat in fearnsjier foar ien fan 15 sawat like lang duorret as in jier foar ien fan 60. Mar dat is net op te lossen mei 8,5 miljard. En ek net mei 100 of 1.000.

Wêrom moat de jeugd dy learefterstân sa nedich ynhelje? Wat is der mis mei dat se in fearnsjier langer oer in stúdzje dogge? De heale wrâld stiet al in jier stil. Dat is hielendal it grutste probleem net.

It grutste probleem is dat wy al in fearnsjier lang tsjin de jeugd sizze dat se sa dom as oalje wurde. Oft jo dat in jier lang folhâlde is dat yn har belibbing fjouwer jier en dan wolle se op’t lêst wol leauwe dat se de alderdomste eksimplaren binne dy’t ea op ‘e wrâld omrûn hawwe.

Ofsjoen dêrfan leit der hielendal gjin plan om dy 8,5 miljard op in fatsoenlike manier te besteegjen. Ja, âldelju meie de bern aanst gratis en fergees op byles stjoere wat op himsels al begrutlik is want as it fan ‘t simmer wat knap waar is moatte dy bern gewoan nei it strân en net nei it ien as d’oare byspikerbedriuwke dat oprjochte is troch in útranzjearre politikus.

Want by sokke bedriuwkes sil dy 8,5 miljard foar in grut part bedarje. Gjin bern dat dêr ek mar wat mei opsjit.

Goare skoaringsdrift fan politisy, ik kin it net oars sjen. Yn Fryslân noch justjes slimmer as earne oars.

En dy learefterstân fan de bern? Faaks ha se wol leard hoe’t se in ierdappel út ‘e jas helpe moatte of hoe’t se in aai bakke moatte. Foar it gefal dat se in kear yn in krisis bedarje en der gjin politikus mear is dy’t wit hoe dwaas er it no wer ris opsizze sil sadat de partners in crime har klearmeitsje kinne foar it grutte ynklaufestival.

Oer de rêch fan dyselde jeugd. It is om kotsmislik fan te wurden.

This article was written by Daam