It wie de kok net dy’t koarre

Meikoarten kinne wy wer te stimmen. Ik leau dat it noch noait sa yngewikkeld west hat as dizze kear. It makket nammentlik neat út op hokker partij jo stimme, der is trochrekkene wurden troch de offisjele ynstituten dat elkenien der by alle partijen op foarút gean sil. Jo sille dus nei oare dingen sjen moatte om jo stim te bepalen. En dan mar yn goed betrouwen ôfwachtsje oft ien en oar ek wat fertuten dwaan sil.

Earst efkes oer de proseduere. Der is in tige omfangrike lanlike kampanje dy’t seit dat wy trije dagen lang stimme kinne. Dat ha se sa útfûn om swak, sike en mislike lju de kâns te jaan net altefolle oare swakke, sike en mislike lju tsjin te kommen. Dat is in prima idee, ik hie it sels hast betinke kinnen.

Dan moatte de stimburo’s dy trije dagen wol iepen wêze. Dat binne se net. By ús. Dy kampanje is dus ien grutte leagen. Skynt by de polityk te hearren.

Wêr moat ik no op stimme? Ik stim it leafst net op in partij dy’t byinoar hinget fan de kriminelen. Dan falle VVD en CDA ôf. Ik stim leaver ek net op in partij dy’t om ien figuer draait. Dan binne FvD en PVV ek eksit. Ik stim it leafst al op in partij dy’t wat each hat foar de regio. Dêr heart gjin Lelytrein by. Wy ha hjir nul ferlet fan huzen foar westerlingen dy’t sa nedich elke sneintemoarn mei de trein nei pake en beppe om kofje moatte en dêr dan daliks de sneinse klean ek keapje. Ik leau dat der no al wer aardich wat partijen ôffallen binne.

Dan is der ek in goarre geande dy’t it minskdom sa slim trampearre hat dat in aardich part fan de befolking fan miening is dat wy ophâlde moatte iten te ferbouwen foar it oare part fan de wrâld. No bin ik dochs al net sa religieus oanlein mar dit ‘God foar ús allegearre en de rest foar my allinnich’ slacht werklik alles. Alle partijen dy’t dy religy oanhingje falle dus ôf.

Ik leau eins dat der fan de sittende partijen no gjinien mear is dy’t my oanstiet. De nije splinters ha’k my net yn ferdjippe, mooglik sit dêr noch wat by. Tagelyk is dat dan in ferlerne stim. Is dat dus in goed idee?

It is yngewikkeld allegearre. Jo wolle wol yn goedens mar soms kin it net. Justerjûn bygelyks seach ik de lêste tsien minuten fan in iepening. Dêrnei ha ik justjes efkes wat ynformaasje opfrege op de tsjustere kant fan it web. En dêrút die bliken dat der nei in healoere koarre wurde moast. It liket my yn it ramt fan de folkssûnens dan ek better ta dat ik der fierder net al te djip op yngean.

Ien fraach lykwols noch. Wa by Oes Omroep, Oes Taal hat betocht in kok dy’t mear as dúdlik in plan hat de iepeningsfraach yn it Hollânsk te stellen?

Dy hâlding fan Oes Omroep, Oes Taal seit mear as alles.

Mocht der noch in politike partij komme dy’t Oes Omroep, Oes Taal ferbiede wol dan stim ek dêr op.

This article was written by Daam

One thought on “It wie de kok net dy’t koarre”

  1. Moai stikje Daam!

    Ik ha noch nea yn in stimhokje stien. No’t ik dit lêzen ha kin ik better dizze kear ek thús bliuwe. It docht bliken dat at je net stimme de grutste party der prosintueel it measte fan profiteared. Dat, ik ha noch nea mei dyn mar altiten wol wûn..

Comments are closed.