It lân is om

Ik ha begrepen dat it yn dit lân wizânsje is de winners nei de ferkiezings te lokwinskjen.

Lokwinske.

Fan guon feestbisten, om krekt te gean dyselde dy’t twads wurden binne, kamen ek wat moaie plaatsjes foarby. Dêr soene jo út opmeitsje kinne dat se it dragen fan mûlkapkes yn bygelyks in supermerk klearebare ûnsin fine en it noegjen fan net mear as ien gast deis grutte kolder is. Ek koe ik op dy plaatsjes mear as echte Grapperhauskes sjen.

De lobby hat wurke, it lân is om. Elke agraryske aktiviteit wurdt lyksteld mei it ûnmooglik meitsjen fan it bouwen fan in hûs. It is ferhipte knap om soks yn de holtsjes fan de Nederlanners plante te krijen mar it is slagge. Yn deselde loop ha se de nederige lanners wiismakke dat elke beam dy’t net groeit, elk bist dat útstjert in streekrjocht gefolch is fan de ko en de ierdappel. Ynvestearje yn ûnderwiis docht fertuten, sa blykt. No mar hoopje dat se op dy skoaltsjes ek leare wat yndoktrinaasje is.

Dat is de iene kanttekening dy’t ik graach efkes by de lokwinsken foegje. In oaren is dat it my frijwat soarchlik taliket dat in frij grut part efter in pear folksmenners oan toffelet. Salang’t dat by toffeljen bliuwt mei dat noch hinnebruie mar folksmenners hawwe yn it ferline wolris blike litten dat se samar ynienen op ‘e rin fleane kinne en dan is der gjin hâlden en kearen mear oan.

Mar it is sa’t it is, it folk hat sprutsen. It klimaat moat rêden wurde en dat moatte de boeren dwaan. Want dan hoecht it folk sels net. It frij reizgjen sil yn Jeropeesk ferbân al wer opstart wurde. Fleanfjild Lelystêd mar gau iepen, hjir en dêr in treintsje der by en gaan met die banaan.

Want stel jo foar dat jo it folk ferbiede moatte soene de bern mei de auto nei skoalle te bringen. Of dat it by in festival ferbean wurde soe konsumpsjes te nimmen op oare plakken as de oanwiisde omdat net elk yn steat liket te wêzen syn rotsoai op te rûmjen. Dat soe op in diktatuer begjinne te lykjen en dat moatte wy fansels net ha.

Published
Categorized as Bloch