Simmerskoalle mei de Jussens

De broerkes Jussen (se binne ûnderwilens in aardich ein yn de tweintich op, dat it ferlytsingswurd wurdt sa njonkelytsen wat nuveraardich) hawwe ferline wike efkes moai koart troch de bocht útlein wat it ferskil is tusken Ruslân en lannen as Nederlân. Yn Ruslân is kultuer in stik fan jo wêzen, by ús is it in linkse hobby. Foar de measten in bongel oan de poat dus. Dat lêste seine sy net, mar dat sis ik. En sy bedoele it. It binne prima muzikanten en sa mooglik noch bettere ambassadeurs fan de (klassike) muzyk, en se hawwe wol faker útspraken dy’t mear as raak binne.

It sil wol net by elk goed fallen wêze want wy binne frijwat fiis fan Russyske systemen. Underwilens liket it der op dat it CDA drok dwaande is Pieter Omtzigt te wippen. It CDA is in echte bestjoerderspartij en bestjoerders hawwe no ienkear in glûpende hekel oan lju dy’t har wurk gewoan dogge. (Wêr haw ik dat ik al wer earder meimakke?)

Frou Kaag – fiskwiif 2.0 – woe de jûnsklok yn sân hasten ôfskaffe mei as argumint dat D66 nochal wat sitten wûn hie en dy winst ‘fertaald’ wurde moast. Dat hat dus neat mar dan ek werklik hielendal neat mei it bestriden fan in pandemy te krijen. En dat hat it opskowen nei 22.00 oere ek net, hokker ûnbenullige ferlechjes boike Mark dêr ek byhelje wol. Oft jo wol harkje wolle nei boargemasters mei in min sin dan soe it ek aardich wêze oft jo ris om sizzen jouwe oft deagewoane boargers wat bestekliks sizze. Lykas de broerkes Jussen bygelyks. Mar dy hawwe alris wat oer boike Mark sein wat ik hjir mar net werhelje sil.

Frou Ploumen hat sein dat se net yn in kabinet stappe sil sûnder in linkse kammeraat. It sil dus hast wol tiid wurde dat frou Kaag seit dat progressyf ek wol wat oerlapings mei links hat. Dan ha wy dat probleem ek wer oplost.

En dan kin kultuer moai in linkse hobby bliuwe. Dêr hoege jo op skoalle dan ek neat oan te dwaan sadat Sander de Rouwe sizzen bliuwe kin dat 9 Fryske ynstellings twa binne sadat dy tegearre Jeropa en de provinsjale ferkiezings oankinne. Wat it iene mei it oare te krijen hat wit allinnich Sander tink ik. Mar dy is dan ek fan it CDA en dat bin ik net.

De wurkgroepkes sille ‘tegearre’ wol op syk gean nei de sterke punten. Dêr kin mar ien ding útkomme: ynsette op meartaligens. Dan krije wy dus noch mear meeting-points en visitor centers. In Katelaantsje hjir en in Sorb dêr. De Samen net ferjitte.

En de djipfriezen komme net yn opstân. Dat binne ek echte bestjoerders. Se sille út de folop meifrette út it rib fan de linkse hobby.

Slachtoffers? De Fryske bern. Dy wurde – mei ynstimming fan dyselde djipfriezen – op skoalle neat bybrocht fan de eigen kultuer. ‘De taal is het instrument waardoor ik ademhaal’ sil harren folslein frjemd bliuwe.

Fryske bern moatte foaral gjin Russyske oanslaggen krije. Simmerdeis meie se nei de simmerskoalle om Frysk te learen. Mei subsydzje fan Sander de Rouwe. Sadat se it gefoel hawwe dat se it net allinnich mar mei Samen dogge.

Ik haw in jier as tritich lyn ris in bestjoerder meimakke dy’t yn in swartboek oer in persoan skreaf dat er bulten flaters sitte liet omdat ‘Samen’ bygelyks ‘meiïnoar’ wêze moat. Op dat nivo sitte wy no wer sawat.

Bern nei de simmerskoalle is fierder bêst genôch. Jou se asjeblyft wat workshops fan de broerkes Jussen (dat kin yn de Fryske HaFaBrawrâld gjin inkeld kwea), dan sil it mei de rest ek wol goed komme. En gjin djipfriezen der by, dan krije se gjin wink yn ‘e eagen.

This article was written by Daam