Demokratyske diktatuer

Der is gjin betrouwen mear yn boike Mark. Oft jo it nijs teminsten leauwe meie. Wy moatte ús lykwols al wat by de feiten hâlde, oars liket it nochal op leugenjen.

De feiten binne dat de mearderheid fan it folk – fertsjintwurdige troch Twadde Keamerleden – net fierder kommen is as it liken fan in vind-ik-niet-leuk-moasje.

De mearderheid fan it folk fynt it dus eins gjin inkeld probleem dat wy in premier hawwe dy’t fan ligen byinoar hinget. Hoe kin dat?

Dat komt om’t hy – oars as Pieter Omtzigt – baantsjes ferdielt. Dêrom hat de mearderheid fan it folk Pieter Omtzigt falle litten as in bakstien. Se fine it in aardige keardel, hy wurket hurd mar fierder ha se der gjin byt oan.

Dat binne de feiten, hoe lûd de media ek raze en balte.

Wy binne dus no ôfsakke nei in soarte fan demokratyske diktatuer mei in premier dy’t him alles feroarloovje kin.

Der binne ek partijen dy’t de moasje fan opstappen tekene hawwe. Jo meie ferwachtsje dat dy aanst net mei de man yn in kabinet sitten geane. Ek net oft hy dêr in funksje as notulist krijt.

Wy sille dat ôfwachtsje.

Der wurdt ek skreaun dat it betrouwen yn de polityk gâns minder wurden is. Dat liket my sterk. Betrouwen ûnder de nul bestiet net.

Published
Categorized as Bloch