Goed folk

Lêste berjochten

Argyf

Noch net

Fan ’e middei ha ik de helpdesk efkes op besite hân. Der binne soms fan dy lytse dinkjes dêr’t ik net rjocht út kom. Dat komt troch myn jierrenlange ûnderfining fansels net in hiel soad foar, mar inkeld…

No ja, dat sil elkenien wol ris ha. En dat kin knap frustrearjend wêze. Earlik sein ha ik earjusternacht sa’n 5 oeren oan it griemen west. Mar ik kaam der net út. Dan is it dochs moai dat jo sa’n helpdesk hawwe. Dy is eins ek altyd wol te berikken. Is it net telefoanysk, dan wol fia Skype, Twitter, Facebook of Hyves.

Dat brûke wy hjir yn Fryslân net al tefolle want dat is wat beëangstigjend. Jo reitsje de greep wat kwyt, is’t net sa? It binne eins ek allegear media foar de jongerein. Op himsels is dêr net in hiel soad mis mei – wy moatte mei de tiid mei -, mar wat dat jongfolk noch net rjocht foar it snotsje hat is dat al dy nije oanwensten (dat is NET mei in i) útsoarte in hiel learproses trochmeitsje moatte. Lang net útkristallisearre dus. En no ja: wy hjir yn Fryslân moatte ús behelpe mei subsydzjejild en dat jild kin net brûkt wurde om allerhande kueren ris in kâns te jaan.

Oft dy jongerein sa graach wat foar Fryslân betsjutte wol (échte Friezen wêze wolle dus) dan sille se har ferpleatse moatte yn de sosjaal-kulturele kaart fan it bêste lân fan d’ierde.

[ûnder it skriuwen fan dit bloch komt der efkes in Skypesesje tuskentroch. Dêr hoege jim jim neat fan oan te lûken, want yn Fryslân wurdt fierder net Skyped; de Fryske dykskiep fan Piter Wilkens kinne der noch krekt op troch]

Wêr wie ik? O ja, de helpdesk.

No goed, dy Helpdesk wie fansels wat oerstallich want ik ha dy boel woansdei wol oplost. By Dokkum om mar it is frijwilligerswurk dat dy reis kin ik net yn rekken bringe. De Helpdesk hat my hjoed efkes foardien hoe’t ik 4,5 heal oere wurk útsparje kinnen hie. Dat is allegear moai en aardich mar echte Friezen binne it net, FANSELS. Boppedat sitte se yn in learproses en se kinne dy hantsjes wol wakker rimpen oer it toetseboerd gean litte mar dêr leart gjin harsens wat fan.

Stikem bin ik der wol in bytsje bliid mei mar dat moatte jo sokke snotnoazen net fertelle.

24 jier. Wat ha se dan eins meimakke? Nét wat ik meimakke ha. En fan in oar oannimme; dat is al sokssawat. Dat ferpoffe se gloeiend. It moat altyd oars en – op har manier – better. Nije media is har biedwurd. Mar dan witte se net dat wy hjir yn Fryslân (it bêste lân fan d’ierde) hielendal neat hawwe moatte fan dat ynkringersgedoch. Wy wolle de wrâld hielendal net oer!!! Wy wolle yn Fryslân bliuwe! It bêste lân fan d’ierde.

Wy ha hjir bêste minsken. Goed folk. En dat moat sa bliuwe. De jongerein sjocht dat wol oft se âlder wurde. Dan sille se merkbite dat wy hjir in yngreven sosjaal-kulturele-struktuer opboud hawwe dêr’t se wolkom yn binne. Oft se dat wolle. Under ús flerken.

Och… wy litte har wat boartsje. As âldere is it ommers altyd moai it jongfolk oangean te sjen.

Lang om let sille se tankber wêze dat wy – de sawat 10 lju fan de Fryske upperclass – har der by holden hawwe. En dan geane se op ’e knibbels. Foar in moai monumint. In foto?

Dat soe moai wêze. En dat kin hjoeddedei samar mei de nije digitale mooglikheden.

De hiele wrâld leit foar ús iepen…

Mocht sa’n Fryske Morgana ris wierheid wurde, dan… dan… dan…

sille wy in in projektlieder oanstelle om dat alderkostlikste Fryske erfgoed te hoedzjen. Foar Fryslân. Foar ús. Ja, ek foar jim as jongfolk. Mar dat sjogge jim net…

… noch net.

Comments are closed.