Goed folk

Lêste berjochten

Argyf

Reuzegarnalen

As grafysk foarmjouwer krije jo in moai soad teksten ûnder eagen. No leau ik net dat it de bedoeling is dat de GF him dwaande hâldt mei de ynhâld fan dy teksten. Likemin is it it doel dat de GF earst in foech administraasje opsette moat foar hokker rotsoai er allegear oanlevere krijt.

It is noch altyd de auteur dy’t him hâlde moat oan bygelyks it troch de GF oanjûne tal te skriuwen tekens. Dat wol der by de measten lykwols net yn en dy leverje dan safolle tekst oan dat him noch it bêst ferlykje lit mei it pleatsen fan it folsleine boargerlik wetboek op ien ferkearsboerd.

As GF wurd ik dochs wol gauris frege: ‘Soest ek efkes nei de tekst sels sjen wolle?’ Dan brekt it swit my oan alle einen en kanten út. Want dan wit ik dat ik in net te fretten lape ûnsin foar de kiezzen krij en dat moat dan wat kreas op papier. Dat lêste kin ik wol dwaan mar dat hat fansels gjin inkeld doel as de ynhâld sels foar in trochlearde professor yn hokker taal dan ek net nei te kommen is.

Ik krij hiel faak sokke teksten ûnder eagen. Privee net iens sa’n soad faker as as ‘profesjonel’.

Soms binne der ek redenen om fan dy ûnmooglike teksten te fabrisearjen. Lykas dizze: ‘Er wordt gekaatst om het verkrijgen van het recht tot het kopen van een Fries veulen’. Ja, anmehoela, dat set ik der net op. Pieter van Tuinen – dy’t destiids noch gewoan om in Fryske fôle keatse mocht – kin trouwens alderhearlikst reuzegarnalen klear meitsje. Hoe’t ik oan it rjocht kommen bin by him ite te meien is my folslein bjuster en kin my earlik sein ek gjin soademiter skele. Betink dêr mar in moaie juridyske sin foar.

aisma

Comments are closed.