Goed folk

Lêste berjochten

Argyf

Realiteit (1)

Yn 2003 ha wy in ultime poging dien oan te toanen dat it mei it Frysk hielendal goed komt. As bewiismateriaal soene wy in dichtbondel útjaan mei de bekroande gedichten fan ús basisskoallebern.

Allinnich… de útjouwer hat him weromlutsen. Dêr kin ik min ofte mear begryp foar opbringe. De rispinge folget hjir de kommende wiken. It is net útsletten dat ik hjir en dêr in typflater makke ha mar ik ha wol in typdiploma.

De nammen fan de bern ha’k der net by set. It is myn doel net har troch it slyk te heljen mar it is faaks wol goed om ris efkes objektyf fêst te stellen hoe’t it der no sawat foar stiet. Leeftiden fan de auteurs steane der ûnder.

Foar it gemak behannelje ik alle kearen ien ynstjoerd kantsje A4. Dan komme wy de fakânsje aardich troch. Se ferskine hieltyd om klokslach 19.00 oere. Dêr kin ik fierder ek neat oan dwaan.

Panter
Swarte panter
Ik sjoch panters
In panter is swart
Cool

7 jier

***

Knyn
Lange earen
En lekker sacht
Brun swart of wyt
Minminminiiiiiiiiiinnnn !!!

7 jier

***

Krokodil
Lange stutten
Bin net leaf
En hielendol grien
Mooi

8 jier

***

Poes
Lekker sacht
Sacht en pluzich
Ek noch op poatsjes
Miauw

8 jier

***

Fisk
Kin swimme
Swimt under wetter
En hij seit blub
Glibberich

9 jier

***

Lamke
Lekker lyts
Kriget dikke wol
Kin him sa mar pakke
Leuk!!!

9 jier

***

Poes
Hiel sacht
Hij is leaf
Muzen fynt er lekker
Gelokkich

9 jier

***

Orka
Swart wiet
Hy is leaf
Hat in kromme fin
Willy

9 jier

***

Cavia
Gjin nekke
Makket him dik
En hat fjour poaten
Leaf

***

9 jier

Jaguar
Super snel
Hat fjour poaten
Libbet in it wyld
Geflekt

9 jier

***

Ein
Kin swimme
Hat twa poaten
En hat in snavel
Kwak

8 jier

By boppesteande gedichten ha ik sterk de yndruk dat de dosint(e) wat al te entûsjast oan it begelieden west hat. Dat wurdt de kommende dagen oars.

Comments are closed.