Realiteit (2)
Yn 2003 ha wy in ultime poging dien oan te toanen dat it mei it Frysk hielendal goed komt. As bewiismateriaal soene wy in dichtbondel útjaan mei de bekroande gedichten fan ús basisskoallebern.
Allinnich… de útjouwer hat him weromlutsen. Dêr kin ik min ofte mear begryp foar opbringe. De rispinge folget hjir de kommende wiken. It is net útsletten dat ik hjir en dêr in typflater makke ha mar ik ha wol in typdiploma.
De nammen fan de bern ha’k der net by set. It is myn doel net har troch it slyk te heljen mar it is faaks wol goed om ris efkes objektyf fêst te stellen hoe’t it der no sawat foar stiet. Leeftiden fan de auteurs steane der ûnder.
Foar it gemak behannelje ik alle kearen ien ynstjoerd kantsje A4. Dan komme wy de fakânsje aardich troch. Se ferskine hieltyd om klokslach 19.00 oere. Dêr kin ik fierder ek neat oan dwaan.
Hjerst
Kreep de mist tusken de beammen?
Dan is it hjerst.
Simmer
Swimmen de minsken?
Dan is het simmer.
Maytiid
Werden de blêden wer grien?
Dan is ’t maitiid.
Winter
Lei er snie op de grûn?
Dan is ’t winter?
9 jier