Foarwurd

Kom, ja, dêr wie ik alris wer. Der binne spekulaasjes oer wêrom’t ik opholden wie te bloggen. Dy spekulaasjes binne net wier. Der is mar ien reden en dy hat mei freonen te krijen. Wat fijannen tinke kin my it measte nammentlik net skele.

En wêrom it bloch no op dit plak? No, hiel simpel: de namme daam.web-log.nl koe ik net werom krije en dizze side hie ik dochs al.

Ik sil dit bloch hiel summier ynrjochtsje. Gjin wiidweidige linkjeboel. Friezen dogge as gjin oar de dingen leafst dûbel. Ik dus net. Dat wol noch net sizze dat ik gjin Fries bin.

This article was written by Daam