Spesjalist

Meikoarten sil ik ris efkes in spesjalist – dat sil dan wol op in jongere útdraaie – freegje om wat statistiken te generearjen. Ik ha der nammentlik skjin myn nocht fan alles sels hieltyd út te sykjen. Mar ik wol al graach witte hoe faak myn útspattings lêzen wurde en benammen troch wa. En ik wol perfoarst net sa’n healwiis ikoantsje op it skerm.

Ja, ik hâld der o sa fan kontakt mei lju te hawwen dy’t witte wêr’t se it oer hawwe. Soks yn bare tsjinstelling ta de kontakten mei minsken dy’t miene alles te witten troch wat fan hearren en sizzen te hawwen.

En ik bin – ek yn tsjinstelling ta sok eigenwiis folk – net benaud om wat fan de jongerein oan te nimmen. Net dat alles my dan mar goed is. Mar as der oer en wer respekt is, dán is it my goed. En spitigernôch – dat moat ik by it âlder wurden dan dochs konstatearje – ûntbrekt sok respekt my krekt wat te faak. By âlderen meast, dêr kin ik deagewoan net omhinne. Nee, net by allegear.

This article was written by Daam