Earfol ûntslach

It is safier, ús mem hat earfol ûntslach oanfrege. No hie ik har in jiermannich lyn al witte litten dat dat der oan siet te kommen mar doe woe se der út noch yn neat fan witte. Mar no docht bliken dat se mei in oar personielslid konkelfûze hat en kaam se ynienen sels mei de meidieling dat soks der dochs wolris fan komme moast. En oft ik dat wol yn ’e gaten hie?

Ik sil meikoarten om in waskmasine út.

This article was written by Daam