Strippekaart

As ik it goed begrepen ha kinne wy meikoarten net mear mei de strippekaart reizgje. Nee, wy moatte in tsjipkaart oantuge en dat ding earst oplade. Mar ik ha der hielendal gjin nocht oan allerhande kaartsjes mei tegoeden yn de beurs te hawwen dy’t ik noait brûk. As dizze flauwekul dan al troch gean moat dan wol ik gewoan mei de pinpas betelje.

Want oars giet it aanst krekt sa as by de betellerij by allerhande feesten: it keukenslaad fol net brûkte muntsjes.

Published
Categorized as Bloch