Holledoekjes

Ik wit net oft ik der sa hiele bliid mei bin dat de Fryske flagge no yn holledoekjes befrissele wurdt. Bin ek suver wat allergysk oan it wurden foar alles dêr’t pompeblêden op sitte.

Op himsels is it in aardich inisjatyf om de yntegraasje oer en wer te befoarderjen. Sa besjoen bin ik der ek flak foar. Mar om de Fryske flagge dêr yn dit ramt foar te brûken? Dat ding wurdt hjoeddedei rûnom mar foar brûkt: t-shirten, trijekoart-broeken, waskhantsjes ensfh. Wurdt dat mei oare flaggen ek dien?

Dy belesting op holledoekjes fan Geert Wilders is fansels ferskriklik. De kloaris moat ris om him hinne sjen wat dingen it Nederlânske jongfolk allegear op ’e kop hat. En hy hat blykber ek noch nea by in keatswedstriid west. Of by ús heit op ’e bou.

Published
Categorized as Bloch

5 comments

  1. Der binne gewoan net in soad flachen wer’t jo soks mei dwaan kinne.

    Ik sjoch it de Afrikanen ek noch wol dwaan. Mar dêr komt dan ek altyd noch in plantsje by. Dan tink ik dochs dat soks mear skea oplevert dan de holledoekjes.

    En út in boarne ha ik fernaam dat it guod makke wurd yn in doarp krekt fierderop as wer’t ús heit en mem wenje.

  2. Ha Meine,

    Ik moast dyn reaksje earst goedkarre. WordPress noch mar ris yndûke. Want ik bin sa iepen as wat, soks mei jo bekend wêze…

    Mar hast yn dat doarp dêrt’sto no omhúsmannest de Fryske flagge al by immen op de kop wapperjen sjoen, útsein by dysels?

  3. Ik ha der gjin ydee fan ADMIN. Ja do moast dyn WP (wordpress) mar efkes goed neisjen!

    Ik sit net sa tichtby op dit momint! Ehm hoewisto dat ik san ding op ‘e kop hân ha?

  4. No, do bist no hielendal goedkard troch WP. Blykber bist in betrouber persoan.

    En ik wit hielendal net datst sa’n ding op ’e kop hân hast. Mar ast it no sels seist, dan sil it wol sa wêze.

    Ik moat ADMIN dus feroarje yn DAAM. Sil der nei sjen, sjef!!!

Comments are closed.