Reklameblokje
Ast hjir reklame ha wolst, dan kin dat wol. Dat kostet dan wol klauwen fol jild. Ik doch ek wolris wat pro deo mar dat doch ik allinnich foar freonen en pleatslike ferienings en soms foar in projektsje dat my oanstiet. Fierder kin ik net foar fan alles en noch wat om ’e nocht ynset wurde want dat dochst mei in boufakker ek net. Dy betellest meastal swart en te min mar dat is wer wat oars.
Dan witst dat efkes.
Hâld der ek efkes rekken mei oftst my ynhierst dat ik moedwillich alles yn it Frysk doch. Ek al leveresto de brot yn it Nederlânsk yn. Ik kin ek wol Nederlânsk skriuwe mar dat hat yn de regel folslein gjin doel. Dat doch ik dan ek allinnich mar oft it my sa útkomt en nea – NEA – omdatsto dat sa graach wolst.
Dúdlik?
Moai.