Websydsje

Hjoed efkes in websydsje ynelkoar draaid. Dat soe al hiel lang, mar de dames en hearen inisjators tochten dat ik dat ding dan ek folskriuwe soe. Nee, dus. Sels ek mar ris efkes wat dwaan. Last but not least: yn alle mediageweld haw ik aardich mear respekt foar dit.

Published
Categorized as Bloch

Baas sjauffeur

Dat wie justerjûn wat in wondere gewaarwurding. Krekt in maat yn Sint Anne ôflevere, krúskje ik moai fierder troch dy metropoal en bedarje mei de oerbleaune passazjier foar de Hoofdweg. Ik mar traapje en traapje mar it koppelingspedaal sa lam as in deade hazze oan de line. No bin ik fansels in baas sjauffeur en… Continue reading Baas sjauffeur

Published
Categorized as Bloch

Fryske kanon

Utnoeging krigen foar de gearkomste fan de krite. Douwe Kooistra komt te sprekken oer de Fryske kanon. Ik ha my efkes netsjes ôfmeld. Want it is tongersdei en dat is myn sportjûn. Freedtejûn wie altyd de jûn fan de krite. Mar se ha it roer omgoaid. Dat komt om’t der no guon yn it bestjoer… Continue reading Fryske kanon

Published
Categorized as Bloch

Ferbean

Fan ’e middei mar ris efkes in ferbeane aktiviteit ûndernommen. No binne der guon dy’t my fan in hiel soad ferbeane aktiviteiten betichtsje, mar neffens my falt soks o sa ta. Boppedat soene jo stelle kinne dat as guon harren sels werkenne yn myn ferbeane aktiviteiten hja ek ris neigean kinne soene hoe’t ik sa… Continue reading Ferbean

Published
Categorized as Bloch

Feest der herkenning

Fong hjoed in aardich petear op tusken wat wurknimmers fan in nochal bot oan de dyk timmerjend bedriuw. As it net sa yn- en yntryst wie, soene jo it in feest der herkenning neame kinne. Se laken allinnich net …

Published
Categorized as Bloch

Hússittend

Studinten binne foar 185,91 yn de moanne hússittend. Stiet yn de krante. En dus is dat sa.

Published
Categorized as Bloch