Earfol ûntslach

It is safier, ús mem hat earfol ûntslach oanfrege. No hie ik har in jiermannich lyn al witte litten dat dat der oan siet te kommen mar doe woe se der út noch yn neat fan witte. Mar no docht bliken dat se mei in oar personielslid konkelfûze hat en kaam se ynienen sels mei… Continue reading Earfol ûntslach

Published
Categorized as Bloch

Wurdboek

Ik tocht lêsten al ‘wêrom bringt dy omkesizzer dat wurdboek nea werom?’ Mar no komt de aap út de mouwe. Menear is oan it bloggen slein. Doe’t er noch in heale puber wie moast er oars net it measte fan it Frysk hawwe. Mar soks kin feroarje, net wier? Dit is bewiis nûmer safolle. Oan… Continue reading Wurdboek

Published
Categorized as Bloch

Spesjalist

Meikoarten sil ik ris efkes in spesjalist – dat sil dan wol op in jongere útdraaie – freegje om wat statistiken te generearjen. Ik ha der nammentlik skjin myn nocht fan alles sels hieltyd út te sykjen. Mar ik wol al graach witte hoe faak myn útspattings lêzen wurde en benammen troch wa. En ik… Continue reading Spesjalist

Published
Categorized as Bloch

Foarwurd

Kom, ja, dêr wie ik alris wer. Der binne spekulaasjes oer wêrom’t ik opholden wie te bloggen. Dy spekulaasjes binne net wier. Der is mar ien reden en dy hat mei freonen te krijen. Wat fijannen tinke kin my it measte nammentlik net skele. En wêrom it bloch no op dit plak? No, hiel simpel:… Continue reading Foarwurd

Published
Categorized as Bloch