Frjemd gefoel

Nei in healoere bin ik der efter wêr’t it frjemde gefoel wei komt. It doocht hjir net alhiel. En no sjoch dat it ynterieur feroare is. In hiele grutte plant stiet net mear yn it finsterbank, mar op ’e grûn. En der stiet no in skiterich dinkje yn it finsterbank. De rookstuollen steane sadwaande ek… Continue reading Frjemd gefoel

Published
Categorized as Bloch

Holledoekjes

Ik wit net oft ik der sa hiele bliid mei bin dat de Fryske flagge no yn holledoekjes befrissele wurdt. Bin ek suver wat allergysk oan it wurden foar alles dêr’t pompeblêden op sitte. Op himsels is it in aardich inisjatyf om de yntegraasje oer en wer te befoarderjen. Sa besjoen bin ik der ek… Continue reading Holledoekjes

Published
Categorized as Bloch

Strippekaart

As ik it goed begrepen ha kinne wy meikoarten net mear mei de strippekaart reizgje. Nee, wy moatte in tsjipkaart oantuge en dat ding earst oplade. Mar ik ha der hielendal gjin nocht oan allerhande kaartsjes mei tegoeden yn de beurs te hawwen dy’t ik noait brûk. As dizze flauwekul dan al troch gean moat… Continue reading Strippekaart

Published
Categorized as Bloch

Finzen

Libbenslang beselskippe fan wurden dy’t de frijheid nea sjen sille.

Published
Categorized as Bloch

Moaie wurden

‘Ik leau dat it in soarte karakterleazens is, in tokoart oan earlikheid, in dûbeltongigens, datselde soart fan “geslepenheid” dat my yn guon grifformearden sa stuitet. Ik haw it by Jan sa faek al murken en ek oaren hawwe it by him merkbiten, – hy kin net forneare dat der oaren neist him komme, dy’t èk… Continue reading Moaie wurden

Published
Categorized as Bloch

Sufferts

Yn Amsterdam is in frommiske oppakt om’t se wat amtnerkes yn funksje útmakke foar ‘sufferts’. De mantsjes fielden har sa bot kwetst dat se ris efkes fiks op harren strepen stean giene. Dat krije jo as jin de wierheid ris efkes ûnder eagen brocht wurdt. Ea haw ik ris in petear hân mei in hege… Continue reading Sufferts

Published
Categorized as Bloch