Ik ha dat debat juster sjoen. Soks doch ik net faak want se brûke in hiel soad wurden om neat te sizzen. De measte fragen komt ek nei de fjirde kear gjin andert op. De beäntwurding fan de premier en de minister ha ik net ôfwachte want doe wie ik oan bier ta en as… Continue reading Leaver juster as hjoed
Category: Bloch
De wrâld yn in nutedop
Paramaribo strûpt ûnder, yn Pakistan sitte se yn in ûne fan boppe de fyftich graden. Mar de arrogante goederjouske blanke westerske KLM fleant mei lege fleantugen op en del nei witwêrsanne. Omdat Skiphol te min slaven ynkocht hat. Dat is de wrâld sawat yn in nutedop. Deputearre Poepjes rint har it fjoer út ‘e sloffen… Continue reading De wrâld yn in nutedop
Nijs fan Omrop Fryslân
Oes Omroep, Oes Taal hebt een nieuw weppagyna gelanselt met een knopje ‘Flicker voor eeuwich op het het Friesk’. De kort omsgrijvinks is tefens ferdweint. Er zal nu gien kamerfraagen mear komt op de qualyteit von het Friesch.
De bûsdoek fan Koerhuis
Koerhuis fan de VVD. Ik hie noch nea fan de man heard en him ek net earder sjoen. Dat is nuver want hy sit al fiif jier yn de Twadde Keamer. Mar juster wie er ynienen fol yn byld. De man like finaal út ‘e liken, krekt as hie er de alvestêdetocht krûpendewei folbrocht sûnder… Continue reading De bûsdoek fan Koerhuis
Billboards
Us beppe plichte te sizzen: “It is mar goed dat wy alles net witte”. Dat is fansels in wize útspraak want dat binne útspraken fan beppes eins altyd. It is ek de reden dat ik ôfrûne moandei net nei “Tegenlicht” sjoen ha. Yn it foarstikje waard dúdlik dat se ús dêryn nammentlik noch mar wer… Continue reading Billboards
Nederlân leaut net mear
Nederlân is net langer in leauwich lân. Dat is ûndersocht want wy ûndersykje alles hjir. Allerhande ûndersiken smite wol allegearre oare resultaten op, mar hawar. Se ûndersykje no ek oft it Jehova’s strafrjochtlik ferbean wurde kin langer oan ‘útsluting’ te dwaan oft jo de noarmen en wearden fan dy mienskip net mear ûnderskriuwe. Mei dy… Continue reading Nederlân leaut net mear