Sliepende redens

Elkenien kin him ris fersinne fansels. Mar oft jo dagenlang oankoerse op in horrorsenario en dêrby allegeduerigen 1979 oanhelje as foarbyld en de kâns sawat 99% is dat wy dêr by yn e’ buert komme dan binne jo gjin waarman mar in fantast. Driget soks te mislearjen dan goaie der ris in orkaan yn mei wynkrêft 35 en as dy ek oergiet dan komme jo mei in kustfront. Dat is de sitewaasje dêr’t wy no yn sitte. Underwilens is it heale lân spikergek en wurde alle regels oan kant set.

Op Oes Omroep, Oes Taal stie bygelyks och sa dúdlik dat de redens foar 11 febrewaris perfoarst net wekker wurde meie. Dat se net goed witte hoe’t jo ‘sliepe’ skriuwe, kin ek as in lyts fersin sjoen wurde. Ik hâld it der mear op dat sa foar gjin noch safolle witte wêr’t se mei dwaande binne. Underwilens toffelet elk mei dat ark nei de ûnderhâldsman, sa liet de NOS al in pear kear sjen. Wêr’t Oes Omroep, Oes Taal de ynformaasje weihellet is dan ek in grut riedsel. Sa net, dan is de grutte fraach wêrom’t de ME al dat folk net fuortendaliks oppakt hat.

Der giet gjin nijsprogramma foarby of de tocht komt op it aljemint. Wat dat ynhâldt wit blykber gjin harsens en benammen politisy dogge krekt as soe it net mear wêze as dat Wiebe mei syn maten foar hantsjettels en flonders soargje. Polityk op dat nivo sjogge wy by Geert, Thierry en Rob. En sels boike Mark is al oan it neitinken.

Is it no werklik nedich dat sokke partijen meidwaan meie oan ferkiezings? Want dit is net it iennichste. D66 bygelyks hat juster in oere lang ferkundige dat der 15 miljoen Nederlanners binne. Dan ha se de Friezen dus blykber al skrast en dan no wakker wolle dat hjir in rûndsje (jatten fan de FNP, dat is de partij dy’t wol dat ymport Frysk leart) riden wurdt?

Kin de alvestêdetocht mei yn acht nimmen fan de koronamaatregels feilich foar in beheind selskip organisearre wurde?

Jawis wol. Us korps en de toanielferiening kinne ek hiel goed wat organisearje foar in man as twa-trijehûndert. Want dy beskikke oer baas skilders dy’t yn in hantaast buordsjes meitsje dêr’t se 1,5m op skilderje. Yn twa talen tagelyk, dêr hat sels de FNP wol oan.

Mar mei it ek? Nee.

En mei sa’n útklaaide alvestêdetocht dan al? Faaks wol. Mar dat docht it bestjoer net. Want dan wurde se ôfset. Troch 600.000 Friezen. En dan komme se yn it tichthûs. Dan meie se hoopje dat Thierry, Geert, Rob en Mark harren sa no en dan in komke wetter en in droech stik bôle bringe.

Published
Categorized as Bloch