Politike seks

Oft der in boat is dy’t oerdwers yn in kanaal bedarret wylst dat net past dan ha wy daliks de wrâldistribúsje yn disoarder. Westerlingen tinke nammentlik dat Jeropa de wrâld is, wat op himsels in frij egoïstyske gedachte is. De ferpleatsing fan it folsleine assortimint oan túnameubleminten en seksboarstersguod leit op dat stuit stil en dat is net bêst fansels. Want no mei koroana kinne wy net in soad oars as seks hawwe en yn de eigen tún op in stoel sitte. It hat dan ek eigenskip dat der lûden klinke dy’t sizze dat dat kanaal breder moat. Ik soe earder sizze dat de boaten wat behindiger moatte mar ik ha no ienkear net mear ferstân.

By it ridlike midden fan de mienskip is der oars wol och sa de wil om ien en oar oan te pakken. Ik ha de meast aktuele stân net besjoen mar it lêste berjocht dat ik meikrige wie dat Grins fier efter leit by Ljouwert as it om tegelwippen giet. Der is in fenomenaal ferskil fan wol in tegel as twa-en-sechstich. Jo moatte der dan ek fan útgean dat de natuer yn Ljouwert him omraak ûntjaan kin want dêr hawwe se mar justjes minder as twahûndert tegels wipt. Tink jo no ris yn dat se boppe de tûzen komme soene. Dan moat der in nul by!

De wrâld komt der prachtich by te lizzen en wy sille tige sûn wurde. De belesting op drank en smokerij sil omheech en dat guod moat ek út de supermerk, seit it ridlike midden. En der meie gjin nije snackbars mear komme want patat is net goed foar bern. Dat is ek sa. Krekt as dat kninen net alle dagen allinnich mar rauwe woartels hawwe moatte, moatte bern net alle dagen patat ha. Folwoeksenen nammers ek net. 

Der skynt in faksinaasje oan te kommen dy’t der foar soarget dat jo nei de prikkerij gjin nocht mear oan patat hawwe. Tjeenk moat allinnich noch efkes neigean hoe’t de mooglike bywurking tefoarenkommen wurde kin of yn alle gefallen registrearre wurde kin. Want it hat bliken dien dat parten fan it aktive ûnthâld der slim fan te lijen hawwe kinne.

Dat kin tink ik net troch it RIVM byholden wurde. Want dy witte no nei in hantsjefol prikken al net mear wa’t al of net meidien hawwe.

Mar dat prikpaspoart komt der. Want dat wol it ridlike midden. En dat der dan Oeigoerske sinnepanielen op it plak fan de wipte tegels komme sil har patat wêze. En dat se seehûnen yn de ôfrûne patatoalje omhaffelje ek.

Want it kanaal moat breder en de boaten grutter. Oars kinne jo mei goed fatsoen gjin politike seks mear hawwe.

This article was written by Daam