Teaterles

Mei de faksinaasjes giet it foar wûnder. Jo moatte de goede minsken der efkes oer gear hawwe mar dan hawwe jo ek wat. Dy ha se no fûn dat no wiene der yn in sucht en in skeet ynienen in lytse miljoen prippen by. By boeren is it al jierren sa dat in fatsoenlike boekhâlding it heale wurk is en dat is hjir net oars. De brot stuts wat gammel yninoar mar dat is no oplost. Ik soe der noch in pear fan dy boekhâldkundige eksersyzjes op loslitte, dan is de hiele saak ein dizze moanne wol beslikke. Der al om tinke dat der sa’n santjin miljoen ynwenners binne. Mochten jo boppe de fyftich miljoen prippen útkomme dan soe der wat misgien wêze kinne.

Der is ek minder goed nijs. De twaspraak fan it boike en it jubeljonkje is sa goed net besjoen as oars. Ik ha it earste healoerke folge en steurde my slim oan de ûnnoazele buordsjes op de kateders. Dy eagen foar gjin meter en ik koe hast net iens sjen wat der op stie wylst ik de bril ek noch op hie. Fierder hiene se it oer in plan en dat jo jo net ferstappe moatte want dan is it gjin stappeplan mear. Mar gau wer nei it goede nijs.

Jild is tsjintwurdich fergees. Sterker noch: jo krije jild ta oft jo jild ha moatte. Dat is sa noflik as wat. Macron wol alle begruttingsregels al ôfskaffe dat it hat wol kâns dat de stokbôle en de wyn aanst ek fergees binne. Der sitte faaks noch wol wat bernesykten yn dat nije systeem want oars begryp ik net sa goed dat der hieltyd nochal wat minsken binne dy’t gjin iten hawwe. Mar troch sokke lytse bykomstichheden litte wy ús de wille net bedjerre fansels.

It is wat ûnwennich allegearre mar dat fergese jild moatte jo wat mei. Dus tuge jo in testsysteem op dat trije kear sa grut is as alle GGD’s, húsdokters en sikehuzen byinoar en dat nei’t jo hoopje kwalitatyf ek aardich boppe de midsmjitte útkomt. Dat kostet in lytse miljard mar dat is dus neat want it is fergees. En it is tydlik.

Omdat der – by net ferstappen – by pripnûmer 49.999.999 in alaarmbel ôf giet dy’t seit dat it út wêze moat mei it feest. Dat is by de stapperij no ienkear sa ôfpraat en oft wy wat ôfprate dan prate wy wat ôf. Ik ha it kwartsje fan Kok dan ek yn in listje dien en oan it lewant spikere sadat ik net ferjit dat wy dat weromkrigen hawwe of noch krije sil. Ha wat in grutter listje brûkt, der is noch romte oer foar de € 1.000,00 fan Rutte.

No bin ik fan aard wat erchtinkend oanlein. Soe it dus aanst ek sa wêze kinne dat dat fergese miljard as argumint brûkt wurde sil om net mei dat testen op te hâlden om’t it hoewol fergees dochs wol in knoarre koste hat om de saak sa aardich foarinoar te breidzjen? Oars hiene jo dat miljard faaks wol better brûke kinnen om minsken yn earme lannen oan wat iten te helpen, is’t net sa?

It soe dan dus eins asosjaal wêze om dat hiele systeem wer yn it jiskefet te miterjen. En dus kinne it korps en de toanielferiening aanst wer los mei de foarstellings. Moatte se by in sealkapasiteit fan twahûndert man allinnich efkes in fjirtjintûzen eury ynlizze want Nederlân hat stimt op VVD en D66 en dy binne fan alles mar Sinteklaas net.

It liket der net op dat it folk him realisearret hokker kant dit út giet. It folk is wurch. Deawurch. En lit dus alles gewurde.

De Ljouwerter en it Deiblêd ha har langste tiid hân.De Rely Jorritsma wurdt ôfskaft. Proazaskriuwers moatte fan de Literare Sitty op teaterles (!).

Yn de gemeente Waadhoeke komt in enerzjyjisterke. Hoe grut? Fan sa’n 1.000 (tûzen) fuotbalfjilden. Ik lies dat der allinnich mar foardielen binne. It wichtichste miste ik: de ljip kin ûnder sa’n sinneding droech sitte.

This article was written by Daam