Spontane sokken

Der binne op’t heden aardich wat feestlikheden om swier oerbetelle spultsjedoggers hinne. En dan kinne jo as opperfeesbeest Buma fansels net efter bliuwe dat dan stjoere jo wat wjukkelmasines de loft yn. As minsken dat dan alderprachtichst fine dan is it bistje der ynienen wat sneu ûnder. Neffens my ûntbrekt it sokke dieren oan elke foarm fan minskekennis. Faaks is dat bisten eigen al ken ik aardich wat hûnen dy’t aardich mear ynsjoch yn situaasjes hawwe.

Yn it lanlike hoofdstadje wie ek in feest. Dat wie in spontaan feest. De spultsjedoggers dêre hienen ynienen in spontaan spandoek. Doe’t ik dat seach moast ik oan ús beppe tinke. Dêr kaam ik wolris en dan hie it minske samar ynienen frijwat spontane sokken. Us heppe hoegde mar nei in kleone jern te sjen dan kaam dêr spontaan in sok út. Ik tink dat sy spultsjedoggers ek sokke beppen ha. Dat is in grut foarrjocht, de measte beppen moatte nammentlik earst in dei breidzje, sokken sit neat spontaans oan.

Tjeenk Willink syn ferslach is al in spontaan gefal want dat wie der eins fuortendaliks nei’t de eamelsesje fan 150 man ôfrûn wie, Moat ek stimmerij by west hawwe. Ik haw it net sjoen. Ha it ferslach ek net lêzen likemin as de notuelen dêr’t wakker op omeamele is. Ik kin dus aardich spontaan reagearje.

Ik leau dat der yn dat ferslach stiet dat in grutte mearderheid fan de keamerleden yn it ferline allerhanne dingen sein hat dêr’t se gjin byt fan miene. Dat no wolle se ynienen allegearre los fan elkoar mei Rutte fierder. Earst woene se net los fan elkoar, se woene inoar fêsthâlde. Op ‘e linkerkant teminsten. Mar dat mienden se dus net.

In oar lyts puntsje wie dat se des duivels wiene dat in pear of op syn minst ien fan harren kollega’s ôfservearre wurde soe. Dat kaam der eins op del dat it kabinet himsels net bûn achte oan de grûnwet en dat kinne jo yn in demokratsy net hawwe. Seine se.

Se tochten doe noch dat allinnich Rutte de arsjitekt fan dy feredele diktatuer wie mar ûnderwilens hat bliken dien dat de hiele klub mandélich is oan dat bousel want se wiene der allegearre by. En dus is de mearderheid fan dy klub fan 150 no fan miening dat wy ek wer ris fierder moatte.

Ik wit net oft se der noch oan ta komme Pieter Omtzigt in fruitskaal of sa ta te stjoeren want it is fansels ek ris in kear út mei de goede foarnimmens. Oant no ta waard Omtzigt noch sjoen as kritysk keamerlid sa’t dat heart te wêzen mar de kâns liket my aardich grut dat der aanst wurden as ‘net-konstruktyf’ en ‘gjin ferantwurdlikheid nimme wolle’ foar it ljocht komme.

Wy kinne dus mei faasje fierder mei de formaasje. De Kristenuny is ek al wer bydraaid, Wopke stiet te popeljen om’t er fynt dat er no wol lang genôch net oan set west hat en de PvdA en Grien Links wolle los fan elkoar tige graach it lânsbelang tsjinje.

Ik soe dat seispartijekabinet dus mar gau yninoar nifelje dan krije jo teminsten in diktatuer fan in bytsje in knap formaat en dogge jo in ûnmooglik soad kiezers mear as rjocht.

En dan kinne wy meikoarten in moai feest hâlde. Want sa’t it no liket is der op koarte termyn oerdei net in soad kâns op nachtfroast.

This article was written by Daam

One thought on “Spontane sokken”

  1. …freechje ik my wol ôf hoe dat it dan komme sil mei dy foaroanman fan de Kristenuny dy’t troch syn maten yn de partij al rimpen ta “Judas” keazen is omt er net mei Rutte fierder wol, sa’t er sein hat…as de hoanne 3 kear of sa?

Comments are closed.