Griis gebiet

Wy meie yn ús lân net diskriminearje, dat stiet no ienkear yn de grûnwet. It hat al bliken dien dat it kabinet en in moai grut part fan de opposysje it net nedich fynt har oan dy grûnwet te hâlden oft dat har better útkomt mar dat is ûnderwilens in passearre stasjon en breed akseptearre.

Bliuwt stean dat wy noch hieltyd net diskriminearje meie. Net op grûn fan de hierlingte, net op grûn fan de brûkte kleur neillak en net op klaaiïnge, sis mar de dingen dy’t mei in timmermanseach waar te nimmen binne. Mar ek net op grûn fan seksuele aard. Dat is faak of meast aardich minder goed te sjen al ha jo altyd minsken dy’t miene dat se ferskuorrend skerpe eagen hawwe. Diskriminaasje op grûn fan religy is ek ferbean. Hokker religy immen oanhinget is meast alhielendal net te sjen foarsafier’t se gjin lid binne fan it tichte gatsjepannegilde.

Dat is dus allegearre tige by tige regele yn dit lân. Mar der is in griis gebiet. Ynsteld troch de oerheid sels (hoe soe it ek oars?). As jo de swierlivige kant neist binne meie jo nammentlik net nei in fjildlab. Fjildlabs binne no ienkear bedoeld om oan te toanen dat jo yn in sûne omjouwing gjin inkeld risiko rinne en dat wol de oerheid graach sa hâlde. Ik soe no wol graach witte wolle wêr’t presys komt te stean dat jo swierlivich binne. Komt dat yn it paspoart, op it rydbewiis, op in plakkaat dat oanplakt wurdt by alle winkels of binne der noch oare mooglikheden? Want de hanthaveners sille op ien as d’oare wize dochs witte moatte oft jo ja dan nee swierlivich binne, is’t net sa?

Kinne jo ek earne in bewiis besette dat jo net swierlivich binne? By dokter bygelyks. Of by de GGD. By it RIVM of de belestingtsjinst. Komt der op dat bewiis dan ek te stean oft jo yn it ferline al of net swierlivich west hawwe? En komt der op dat bewiis ek wat te stean oer jo gedrach en dat dat al of net in risiko is foar takomstige swierlivigens?

Meie jo as swierlivige aanst noch wol nei bygelyks de bibleteek? Op dit stuit mei nimmen dêr hinne want wy diskriminearje net mar triuwe it hiele folk wol manmachtich yn in bus, trein en fleantúch. Oh, ik dwaal ôf.

Takom wike sil de meirderheid fan de twadde keamer goed sizze foar in wet dy’t de nije steatsynrjochting stal jaan sil.

Net allinnich swierlivigens is dan in reden om der folút op los te diskriminearjen mar ek oare mear as sûne minsken dy’t net faksinearre wurde wolle om hokker reden dan ek en net test wurde wolle wurde dan mei ien hantekening degradearre ta tredderangs boargers.

As organisator fan wat dan ek wurde jo achte dy tredderangs boargers folslein te negearjen.

Dat is fierder gjin probleem want dat giet krekt like flot as dat de NAM 25.950 huzen opknapt hat. 

This article was written by Daam