CV

Jo moatte jo yn dit lân nearne oer fernuverje want oft jo dat al dogge dan binne jo binnen de koartst mooglike kearen sa gek as in doar. De kâns dat ik dat ûnderwilens bin moat dan ek net útsletten wurde al hâld ik mysels foar dat dat net sa is.

Okkerjiers bin ik bygelyks mei ien pinnestreek degradearre fan in Fries dy’t de taal behearske nei in Fries dy’t der neat fan bakt. Der wie nammentlik in espeltsje folk dat it in goed ding achte de stavering hjir en dêr oan te passen. De iennichste reden dy’t ik foar sokke strapatsen betinke kin is dat se op harren CV byskriuwe wolle dat se ‘meiwurke ha oan de nije stavering’. Yn werklikheid heart dêr te stean dat se ‘meiwurke ha oan it útroegjen fan it Frysk’. Want se ha gjin nije wurdboeken levere, de besteande literatuer net omstavere ensafh. En dy hiele grap hat der ek net ta laat dat der no minder flaters makke wurde. Juster stie op Oes Omroep, Oes Taal bygelyks noch ‘en brûts’. Dat hat neat mei hokker stavering dan ek te krijen, dat kin allinnich ferlike wurde mei in timmerman dy’t in spiker besiket te slaan mei in skroevedraaier. Of, om it ris mei in oare tige drege taal ferlykjen, in Ingelskman dy’t skriuwt ‘Aai hef biin in Fryslân’. Wat wy hjir dus sjogge is it wûnder dat in pear bestjoerders besluten nimme op basis fan advizen fan in tige beheind klupke dat wakker drokte hat mei harren CV.

Ynspraak hat der oars wol west mar dêr is net nei harke al witte jo dat mei taal eins nea. Yn Wier bygelyks stiet in radar om de Russen op ‘e tiid oankommen sjen te kinnen. Dat ding stiet der al sa lang my heucht en dat wie noait in probleem. Definsje woe lykwols wol ris wat oars dat no ha se der in oar eksimplaar delplante. Yn it foarste plak is it gjin gesicht want it liket mear op in miggefanger as op in radar mar it kring hat ek noch in leven as in oardiel en ûntregelet alle synjalen yn ‘e omjouwing. Dat no meie de omwenners klachten trochjaan en dan sjogge se der nei. De útkomst is my noch net bekend mar ik tink dat se hjir en dêr in weike ferfange troch in rubberen eksimplaar. Dat sil dan justjes minder oerlêst opsmite mar yn it rapport komt te stean dat ‘de meeste problemen zijn verholpen’. Dan docht taal der ta.

Mei taal kinne jo eins alles en it folk fret it wol. ‘Ligen’ wurdt yn de polityk hjoeddedei omskreaun as ‘ferkearde oantinkens’. Ik nim oan dat ‘stellen’ omskreaun wurde kin as ‘te lang by fersin te goed op past’. Wat de omskriuwing wurde moat foar it efteroer drukken fan 30 miljoen euro foar mûlkapkes ûnder it mom fan freonetsjinst ha ik noch net betinke kinnen.

Mar wy moatte betrouwen hâlde yn de polityk.

Mar hoe moat dat oft sels Habtamu yn in pear wike tiid folslein ûntspoart? Buma wol ik it net iens oer ha, dy is fan dy partij dy’t Omtzigt oprêde wol en de diktatuer fan de grutste liger fan it lân mei stal jaan wol.

This article was written by Daam