Natuerlik gedrach

Wy libje yn in och sa bysûnder lân. Om dat net al te bot opfalle te litten hawwe wy it der leaver oer hokker dwazen Sjinezen en Russen binne, dan hoecht ús eigen idioaterij de dyk net oer. Wy meie it iene ek noait mei it oare ferlykje, dan wurde jo al gau foar gek ferklearre.

Op 5 april 2020 wie der in tweet dêr’t yn steld waard dat it faaks, de krisis yn acht nommen, in goed idee wie om dat jier gjin fakânsjejild út te kearen. Dat klinkt oannimlik en ferantwurde.

Yn datselde jier kaam der in frijwat ferneatigjend rapport oer wat mei taslaggen. It kabinet is doe net opstapt om reden dat se it wichtiger achten de slachtoffers earst rjocht te dwaan. Dêr ha se sa goed as neat fan telâne brocht. Earst doe’t it fanwege al plende ferkiezings dochs hast oan fakânsje wie en se dus sa goed as neat mear te ferhapstûkjen hiene ha se noch wat oan symboalpolityk dien.

Daliks dêrnei of tagelyk liet de minister-presidint witte dat er al in plan klear hie foar de takomst. Graach tekenje by it krúske. Dat hie syn beslach ek al hast krigen as der net ien as d’oar sleau wiif west hie dat mei papierbrot omwappere. 

De MP liet doe witte dat der gjin sprake fan wie dat der in debat komme soe oer âld papier. Ruslân en Sina binne der werklik hielendal neat by. Twadde Keamerleden sprieken allegearre grutte wurden.

Underwilesn binne se der akkoart mei gien dat in kritysk keamerlid de syktewet yntrape is. Hoesa Ruslân en Sina? Ja, it is hjir yn de syktewet better as yn de finzenis dêr. Fierder sjoch ik gjin inkeld ferskil.

Yn de tuskentiid makket de iene bestjoerder de oare wiis dat der och sa’n ferlet is fan de Lelyline, sinneparken fan 800 hektare en noch wat fan dy dingen. En as klap op de fjoerpylk wolle se it heale Bilt wer ûnder wetter strûpe litte. Sa sâlt ha ik it noch nea fretten.

Dêr waakse ierdappels. Bestjoerders witte tink ik net mear wat dat binne mar rûchwei binne der trije soarten: fabryksierdappels, konsumpsje-ierdappels en poaters. Se binne allegearre in soarte fan rûn mar dy lêsten hawwe ek noch in klassifikaasjesysteem: fan SE oant C. Oft de ûnder de C sakje wurdt it feefoer en dy C is wat oars as de see.

Dy poaters geane de hiele wrâld oer sadat se dêr ek ris ierdappels ferbouwe kinne. Dat kinne jo in dwaze boel fine mar it is wakker itselde as dat wy kofje en bananen út oare lannen krije.

Bestjoerders skine ûnderwilens sa bot fan de wrâld ferfrjemde te wêzen dat se sokke simpele systemen al net mear begripe kinne. Wakker poche en swetse fan Brussel dat as lêste finale grap útfûn hat dat de frijwillige brânwacht ferbean wurde moat om’t dy itselde wurk dogge as de betelle brânwacht.

En dan is der ek noch wat mei de bisten. Ik ha it net útpluze mar begryp dat bisten tenei yn steat steld wurde moatte harren natuerlike gedrach te fertoanen. Dat hâldt dus yn dat it bankstel der út moat en in pear kúb grûn der yn as jo bern marmotten hâlde wol. Want al bin ik gjin marmotte-saakkundige, ik tink dat dat in soarte fan kabouterkninen binne dy’t graach efkes wrotte meie/ En goudfisken lykje mar fan natuere ek net fan doel om dagenlang itselde rûntsje te draaien yn in wat grut útfallen jampot sûnder lid. In knappe fiver yn de keamer liket my dan ek wol it minste wat jo de bistjes gunne moatte.

Kij hawwe as foardiel dan wer dat dy fan natuere wend binne út te naaien foar liuwen en bearen en dy binne hjir net. Dat is moai.

Dy tweet fan 5 april. Dy wie fan Sywert. 

Hoesa korropsje yn Sina en Ruslân? Meitsje de man gau premier. Dan kin er yn neifolging fan boike Mark syn natuerlik gedrach fertoane, te witten it útskeakeljen fan alles wat him net oanstiet.

This article was written by Daam