In miljoen wenten?

Earst efkes wat sifers. Dy ha ik by it CBS opfandele, dêr kin elk by. Jo hoege net earst lid te wurden fan in politike partij of in tsjerke of sa, it is gewoan frij tagonklik. Sels sjoernalisten soene dêr ynformaasje opfreegje kinne. Mar dat dogge se leau’k net, de measten komme net fierder as it koppypeesten fan parseberjochten. Dy binne ûnbetrouber. Meast.

Neffens it CBS telt Nederlân 7,9 miljoen wenten, de trochsneed húshâlding bestiet út 2,2 persoanen en der binne 17.493.979 ynwenners. De tûke lêzer sil daliks sizze dat dat net hielendal kloppet want 2,2 x 7,9 makket 17,38. Dat is wier. In ferklearring kin wêze dat der mear as ien amtner oer gear west hat mar hiel grut is de flater net.

No sizze de sjoernalisten – op basis fan dy parseberjochten – allegearre dat der in miljoen wenten by moatte. Op basis fan boppesteande sifers kin dat in pear dingen ynhâlde, bygelyks dat der 2,2 miljoen lju binne dy’t om in hûs ferlegen sitte, min ofte mear dakleas binne dus.

Dat binne in hiel soad, mear as trije kear safolle as der yn Fryslân wenje. Ik wit net wa’t dat leauwe wol mar ik dus net.

Dat der in wentetekoart is mei dan sa wêze mar it hieltyd neamen fan dy miljoen moat in oare reden hawwe.

Wat dy reden is kin ik net goed beöardielje (der heucht my noch wol in toanielspyljende skriemer mei de namme Maxime Verhagen) mar dat de polityk folslein ûnbetrouber is wurdt al wer wat dúdliker as dat it al wie.

This article was written by Daam

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *