De PC giet troch!!!

De formaasje is yn in streamfersnelling kommen. Dat is prachtich fansels want foar it gefoel duorret it nochal in hoart allegearre. Mar it is ek net maklik fansels. Gelokkich hawwe se yn it ôfrûne fearnsjier it meast penibele punt goed behoffene: de nije bestjoerskultuer. En de konklúzje is dat alles it bêste bliuwe kin sa’t it al jierren is, ynklusyf de byhearrende popkes.

Faaks begrypt net elk wat it nije dêroan is mar dat is dus dat der neat nijs komt. Dat ha se sa dien om’t se nochal wat lûden út ‘it fjild’ fan bygelyks ûnderwiis en soarch krigen hawwe dat se dêr wat wurch wurde fan hieltyd nije dingen. En om’t politisy no ienkear it goede foarbyld jaan moatte binne se hjir sa op kommen. Dat is in boppeslach!

De ynformatrise, frou Hamer, hat dêr leau ik fan ‘e middei in preuvelmint oer dien mar dat ha ik net heard. Wol ha ik begrepen dat it boike en it fiskwiif 2.0 no in stikje skriuwe sille. Dêr sille se krekt efkes wat tiid foar útlûke sadat Grien Links en de PvdA yn de tuskentiid fusearje kinne en it CDA de bibel efkes lêze kin mar dêrnei moat de saak fierder wol rillegau yn kalk en semint kinne. De ynstek is dat dat safier wêze sil noch foardat de dagen wer langer wurde en dat is al hast sa.

Yn de meantime krijt it libben syn gewoane beloop wer en dêr binne wy yn Fryslân fansels ek tige mei op it snjitwant de PC giet troch. De KNKB hat leau ik al wat in nuver fyt úthelle mar ik nim oan dat Oes Omroep, Oes Taal dêroer noch wol mei djipte-ynterfjûûs komme sil dat dat lit ik efkes gewurde.

Neffens de boargemaster, pardon, neffens de boargejuffer is der gjin feest yn Frjentsjer. Want al hoe demisjonêr de brut yn Den Haach ek is, ûnderwilens binne wy yn in nij soarte fan steatsfoarm bedarre. Dat it is no allinnich noch mooglik oan it iepenbiere libben diel te nimmen oft jo de boppe ús stelden machtgje om alles wat der oer jo te melden is yn ien app te sammeljen en dat ferplicht oan elk sjen litte dy’t mient dêr ferlet fan te hawwen. Wolle jo dat net dan moatte jo thús bliuwe. Oars kinne jo gewoan op it Sjûkelân te plak. It nije normaal.

No ja, net hielendal. Want ûnderwilens skine se noch in wet yninoar freubele te hawwen. Dy komt der op del dat mocht der earne in stikelbaarch deariden wêze en dat domme dier leit krekt op in paad dêr’t immen mei de rollater del moat en sadwaande ek ferûngemakket dan binne jo as organisator fan de aktiviteit dêr’t de rollatersjauffeur hinne soe op persoanlike titel ferantwurdlik want jo hiene der foar soargje moatten dat it paad dêrhinne sûnder gefaren wie.

It nije normaal. Oeral thús, mar thús it bêste. En dêr meie jo ek wol in man as tûzen útnoegje op in kante meter. En se meie allegearre in presintsje meinimme. Op dit stuit binne dy it foardielichs te krijen yn Portugal. It is mar in tip.

Published
Categorized as Bloch