Pompebledsje net ferjitte

Der is op ‘t heden gâns opskuor oer fan alles en noch wat. Wy binne fansels ek in tige emosjoneel folk as ús dat sa útkomt. Ek wat koart fan memoarje. Dingen kinne yn in pear dagen tiid al wer oerbettere wêze, oaren al binnen in heale ieu. Ek dat is frij koart oft jo sels teminsten nei de sechstich rinne.

Okkerlêsten wie der sa’n nochal swier oerbetelle ballejagerke – ik miende fan in Deensk jonkje – dat ynienen omfoel. Dat wie net bêst, de hiele wrâld skriemde, de AED’s wiene fuortendaliks rûnom útferkocht en by de reanimaasjekursussen wiene de liken net oan te slepen.

In jier as wat lyn oerkaam dat in Nederlânske balskopper ek. Dy is der justjes minder goed foarwei kommen. Myn klasgenoat kaam der in jier as fiifentritich lyn noch minder út, of leaver sein: hielendal net. Gjin grutte stikken yn kranten, op YouTube ensafh. It wie ek net in jonge dy’t tonnen fertsjinne en yn sa’n gefal hawwe ús tige emosjonele lângenoaten yn ‘e regel it measte net by te setten.

By it opromjen fan de oranjerotsoai dêr’t bylden fan op ‘e tv wiene waard ik ek in bytsje emosjoneel. It opromjen bestie nammentlik út it dumpen fan in ûnhuere berch troep yn konteners. Us is leard dat opromjen ynhâldt dat jo de saak kreas yn doazen dogge om letter nochris brûke te kinnen, oars is it gjin opromjen mar fuortsmiten. En mar krimmenearje oer hoe min wy it wol net hawwe.

Fierder gong it foarsafier’t ik it besjen kin de lêste wiken hielendal net oer it spultsje mar oer in flagge. Oft minsken begjinne te griemen mei flachjes en pompeblêden bin ik der al hielendal klear mei. Want it komt der sa njonkelytsen op del dat oft jo gjin pompeblêdspjeldsje op hawwe gjin echte Fries binne en oft jo dy flagge net út hawwe homofoob.

En ús premier – it boike – mar skelle. Alles en elkenien dy’t ek mar justjes oars tinkt as ús doocht net. Jo soene hast sizze dat er fan betinken is dat blanke lju fan it Aryske ras superieur binne oan alle oaren. Mar sokke ferlikings meie wy net meitsje. Boppedat hawwe wy al rûnom ekskuzes foar oanbean.

Dy westerke oerhearsker hat der yn Kanada frijwat nuver yn omslein. Dat hat frij lang duorre en is noch mar koartby opholden. Blykber binne se ta it besef kommen dat dy westerling dochs net hielendal en altyd gelyk hie?

Slavernij dogge wy net mear oan mar wy fine ek net dat de generaasje fan hjoeddedei ferantwurdlik holden wurde kin foar de wandieden fan destiids.

Dat wit ik sa krekt noch net. Ik sjoch ek reportaazjes oer de húsfesting fan arbeidsmigranten yn ús lân. Liket dat net in ferdacht soad op slavernij dêr’t de skerpste kantsjes ôfhelle binne?

Mar yn ús lân is alles prima regele oft jo dat ferlykje mei bygelyks Ruslân en Sjina. Wat der by ús mis is ferjitte wy it leafst sa gau mooglik.

Ik soe dan ek mar ris opsjitte mei dat nije kabinet mei in premier dy’t werklik alles byinoar lycht, in kristlike partij dy’t net iens wit dat der überhaupt sokssawat as in bibel bestiet mar stikem wol in grouwéligen hekel oan moslims hat en in demokratysk fiskwiif 2.0 dat de sjoernalisten útleit wat se oer har sizze moatte.

O ja, der stie hjoed ek noch in stikje yn it Frysk Deiblêd. De man hie dúdlik noch nea op in gearkomste west dêr’t immen him wakker oanstelde mei it sizzen dat er der neat fan ferstie omdat er fansels net witte koe dat er him yn Fryslân nei wenjen set hie.

Ik soe de flagge mar gau útstekke. En ferjit it pompebledsje net.

Published
Categorized as Bloch