De bedoarne westerling

Doe’t aids opkaam wie der in moai grut part fan it folk dat har wiismeitsje litten hie dat dat sa besmetlik wie dat jo der al mei oanhelle wurde koene troch immen dy’t it hie in hân te jaan. It hat nochal in hiel o heden west om it folk soks wer út ‘e holle te krijen.

Jo soene tinke dat dat slagge is. Mei aids. Mar no ha wy wat nijs en is it safier dat jo al benaud foar immen wêze moatte dy’t net faksinearre is. Ut ûndersyk (!) hat bliken dien dat 46% fan de befolking leaver gjin kontakt hat mei net-faksinearren.

Dat is de muoite wurdich. Ik ha mear noed mei lju dy’t faksinearre en wol de hiele wrâld oer jakkerje en dêr allerhanne krupsjes opdogge dy’t se mei diskant út nimme as mei guon dy’t alle dagen ûnder in ko sitte of ierdappelsuverje mar net faksinearre binne.

Boppedat is myn beskieden ynskatting dat it dy faksinaasjefanaten primêr hielendal net om dy sykte giet mar om it feit dat se mei justjes minder faasje as oars fierder kinne mei it útrûpeljen fan de wrâld.

Om dêr ris in pear foarbylden fan oan te haljen: as it op it yn de Fryske waarkunde och sa wichtige tiidstip fan sân oere jûns justjes begjint te lûken dan binne sokken net fan doel om yn ‘e hûs te gean of om in trui oan te dwaan mar dan sette se de terraskachel oan. En dan net ien dêr’t wat ôfeart yn kin dat oerbleaun is fan de ferbouwing mar ien op griene stroom om’t harren wiismakke wurden is dat der neat better foar it miljeu is as griene stroom.

Wurdt it harren te gleon dan dogge se de strik net foarwei mar stoke se de airko op en as dat net genôch helpt keapje se der noch ien by. Of twa.

En se litte hiele legers bestelbussen fol lucht it lân trochjakkerje om de meast ûnnoazele artikels ienkear te brûken en dan ek noch werom te stjoeren om’t se dochs minder goed foldogge as ferwachte.

En sok folk mient dan sizze te kinnen dat sûne minsken ûnferantwurdlike halzen binne. Lju dêr’t fierder neat oan skeelt mar wol betelje moatte oft se de fysioterapeut net meifersekere hawwe. Om’t se yn it sikehûs no ienkear net genegen binne in stikken skouder fan ien fan oer de tachtich noch yn de rezyzje te dwaan.

Mar ja, dit wie fansels te ferwachtsjen yn in lân dêr’t sa goed as elkenien it mear as logysk fynt dat it opsetten fan in cokehannel lukrativer is as in bydrage te leverjen oan it yn libben hâlden fan oare folken as de bedoarne westerling.

Salang’t ik gjin feroaring sjoch yn dy hâlding wurdt der net faksinearre. Oft se dan fan my ôf wolle moatte se mar wat oars yn dy spuit dwaan. Yn dat gefal moatte se my al ophelje want ik meld my net frijwillich.

Published
Categorized as Bloch