Flaggefertoan fan lullen en huppelkutten

Ik ha fan ‘e wike in ferskuorrend foute grap makke. Der wie nammentlik in skriuwer dy’t wat skreaf oer in flagge en dêr haw ik doe by set dat ik it wol moai typysk Frysk fyn. It liket der nammentlik op dat mei dy flagge allinnich Friezen fan ‘e ferkearde kant wolkom binne op ‘e PC. Dat smiet ek noch in pear liken op. Jo ferwachtsje it efternei besjoen net.

No bedarre ik hjoed op in oar plak yn in triedsje oer dit ûnderwerp en it docht bliken dat de skriuwer as populist sjoen wurdt. En omdat ik dat stik retweet haw bin ik dat dan no ek. It fielt altyd goed dat jo net hielendal allinnich binne.

Yn dat triedsje is der ek in ‘sjoernalist’ dy’t it needsaaklik achtet in reaksje te jaan. En hy leit ek út wat de taak fan in ‘sjoernalist’ is. Mar in ‘sjoernalist’ dy’t dat útleit yn in oare taal as dy fan de lju dêr’t er troch betelle wurdt is fansels hielendal gjin ‘sjoernalist’ mar dat is in lul. Of in huppelkut.

Krekt sa as syn kollega dy’t de deputearre ferline wike wakker oanspriek op it minne Hûnekopfrysk fan de Friezen. Sels hat er tink ik noch nea ek mar ien Frysktalige kwoot produsearre yn syn klupke fan Friezen fan ‘e ferkearde kant.

Ik ha leaver dat dy Friezen fan ‘e ferkearde kant harren de bek hâlde oer alles wat mei in flagge of mei pompeblêden te krijen hat. Se ha gjin inkeld rjocht fan praten.

Want mei dizze strapatsen kinne jo foar itselde úthâlde dat dat famke dat yninoar slein is de domme kant neist is. Ik ha de bylden fan it plaats delict nammentlik besjoen en dêr is yn ‘e fierste fierte gjin flagge te bekennen. Wat moat sa’n famke dêr dan? Jo moatte net op plakken komme dêr’t net dúdlik oanjûn is dat jo wolkom binne.

Dêrom ha wy ek net in soad swarten yn ús provinsje. Want wy ha gjin swarte flaggen. No ja, yn Bitgum ha wy alris ien op ‘e toer hân. Dat wy doe’t in klup Friezen fan ‘e ferkearde kant mienden dat se feestfiere moasten om’t se ús 500 jier beset hiene.

Oars: hoe komt it eins dat der op ‘t heden bûten de famke om alle dagen wol in stik yn ‘e kranten stiet dat der wer in minderjierrige troch in oare minderjierrige yninoar rost of delstutsen is? Ha dy bern dêr opdracht ta krigen fan de heechfaksinearre âldelju dy’t fanwege de ferfolchmedikaasjes en testeboel anneks nochal faak úthuzich binne?

It is faaks in idee dat se ferplicht de flagge útstekke oft se fan hûs geane dan kin de sterke earm sokke huzen wat yn ‘e gaten hâlde en bern dy’t stikem nei bûten wolle fuortendaliks oppakke. En oft de ‘sjoernalisten’ dêr dan ris ferslach fan dogge yn in taal dy’t it folk eigen is en op in wize dy’t net as mishanneling oanfielt skeelt dat wer in bulte oanjeften.

Dat is nammentlik wat der barre moat mei al dy Friezen fan ‘e ferkearde kant. Oppakke, meiïnoar ferbalje nei Rottumereach en dêr net earder wer weikomme litte as dat se foar it snotsje hawwe dat in taal in taal is en in flagge in flagge.

Geveltsjefrysk is net mear as ôfwaaid flaggefertoan fan lullen en huppelkutten.

Published
Categorized as Bloch