De boargemaster en de kwast

Neffens Oebele Brouwer is sa’n fiifentweintich oant fjirtich persint fan de ynwenners fan syn gemeente asosjaal folk. Ik freegje my ôf oft sa’n man wol geskikt is as boargemaster, ik kin my yn alle gefallen gjin inkelde oare gemeente yn Nederlân en faaks yn de hiele wrâld wol net foarstelle dêr’t sokke útspraken akseptearre wurde soene. Mar yn Fryslân skynt alles te kinnen.

Ik wol it no net wer oer dy flagge hawwe mar al krekt efkes oer de PC.Dêr waard ferslach fan dien troch Oes Omroep, Oes Taal. 

(Oer de relaasje fan dy Omroep mei de oerheid soe ek noch wol wat te sizzen wêze mar ik bin gjin sjoernalist dat oft se my foar de rjochter slepe kin ik my der net op beroppe dat ik myn boarnen beskermje moat. Likegoed, soene sokke ferbannen yn Sina of Ruslân foar it ljocht komme, dan soe de Twadde Keamer fragen stelle en de kening fia boike Mark opdracht jaan dat by de earste de bêste steatsbesite ris efkes sekuer oan ‘e oarder te bringen.)

De sjoernalist yn funksje hie it wakker oer in stadion. Mar de PC wurdt hielendal net ferkeatst yn in stadion mar op It Sjûkelân. En dat is gjin stadion. It is de Tsjûkemar nammers ek net sa’t in kollega fan him ferline wike ha woe. Op ‘e Tsjûkemar wurdt hielendal net keatst en dy leit ek net yn Frjentsjer. Dat mei faaks allegearre noch hinnebruie mar de sjoernalist hie it der juster ek oer dat it moai wêze soe ‘dat dizze partij gau dien is, dan kinne wy troch nei de heale finale’.

Justjes letter wie der in partoer dat it krekt wat better die as er ferwachte hie. Dêr soene jo gâns respekt foar opbringe kinne mar hy kaam net fierder as in skealik laitsjende opmerking ‘spannend’. En hy siet der by as woe er dravendeweis wer op nei syn Olimpyske Spullen. Ik ha komselden safolle desynteresse sjoen as fan dizze kwast.

Yn Fryslân kin soks allegearre. Boargemasters dy’t it eigen folk asoos neame en sjoernalisten dy’t net heal witte wêr’t se mei dwaande binne.

En sokken – dy’t dus net yn steat binne foar eigen folk te stean – sille de LHBTI-mienskip beskermje? Folslein ûnmooglik.

Published
Categorized as Bloch