Heidenske griene religy

Hjoed is it klimaatrapport ferskynd. Dat ha ik net lêzen. It skynt in komposysje te wêzen fan eardere wake-up calls. Dat tsjut der tink ik op dat ‘De begraffenis fan omke Wopke’ der goed by past al sjongt Doede leau ik net oer de tsjerkeklokken. In miste kâns.

De NOS hie it fansels ek yn it sjoernaal en miende de brot ôfslute te moatten mei in byld fan in boer dy’t oan it kulterjen is. Dan witte wy daliks mar wer goed wa’t as skuldige oanwiist wurde moat.

Dy skuldige is dus net de goederjouske blanke westerling dy’t as in wylde yn it Waad omdolt om syn enerzjytransysjekluchten oan lân te krijen. It is net net dy goederjouske blanke westerling dy’t de bûterblommen ûnder de sinnepanielen bedobbe hat. It is net dy goederjouske blanke westerling dy’t by gebrek oan ljippen alle oare fûgels mei syn transysjewjukken út de loft meant.

It is net dy goederjouske blanke westerterske ynklauwer mar it is de boer. En it binne de tredde wrâldlannen. Net dy goederjouske blanke westerling dy’t skippen mei tûzenen konteners fol rotsoai de hiele wrâld oer tôgje lit. Dy’t Oeigoeren misbrûke lit om harren transysjefreugde te fieren, dy’t Kongoleeske bern fermoardzje om yn it elektryske karke omdangelje te kinnen.

Boike Mark sjocht al wer gâns mooglikheden foar ekonomyske groei as wy mar foarop finne mei ien en oar. Dus: foaral trochgean mei om it jier in nij bankstel oan te tugen, net allinnich foar binnendoar mar benammen ek foar bûtendoar want wy moatte der net op ta dat wy krekt as yn earme lannen op kratsjes bier sitte moatte. De buorlju dogge dat ek net, it soe net idioater wurde moatte.

It is no dus al dúdlik dat dat rapport ta hielendal neat liede sil. It makket my neat út hear, it tsjinnet myn tiid wol út. Dat minsken mei (jonge) bern noch as dwazen efter de ekonomyske prinsipes fan it kabinet – dat hielendal en al hiel lang gjin kabinet mear is – oan drave wurdt foar my stadichoan ûnbegrypliker.

Der is mar ien oplossing: minder enerzjy brûke. En ja, dat betsjut nochal wat. Under oare dat jo net twahûndert prosint fan dat griene gejammer yn it plak sette moatte foar fyftich prosint fossyl. Heidensker religy as de griene bestiet net. En in bankstel kinne jo net ite, gâns oar guod al.

Published
Categorized as Bloch