1dv.nl

It giet foar wûnder mei de pripperij, lieten boike Mark en jubeljonkje Hugo juster witte. It soe jo ûntgien wêze kinne wat it doel fan dy spuiterij is dat dat lis ik mar efkes út. It giet der net om dat wy ien as d’oare goarre of, slimmer noch, sykte oan it bestriden binne mar it giet der om dat jo in grien finkje fan it boike en it jubeljonkje krije. Oft jo dat griene finkje ienkear yn besit hawwe, reitsje jo dat noait wer kwyt en dat is tige wichtich. Jo kinne dan, ek al soene jo sawat gapjend nei de lêste siken al heal ûnder de seadden lizze, oan alles meidwaan. Ha jo dat finkje net dan wurde jo achte plak te nimmen yn it rychje Russen. Sinezen en boeren. Efter oanslute, de hate en ûnbeskofte opmerkings sille jo as fansels berikke want jo hoege der net op te rekkenjen dat dy Russen, Sinezen en boeren har om jo bekroadzje sille. Dat binne krekt as jo kriminelen.

De finkjelju finke it iene nei it oare feest ôf. De GP fan Zandvoort kin heve al wankt der al in fiks tekoart omdat de neamde kriminelen der foar soarge hawwe dat hûndert persint besetting net tastien is. Wy moatte tink ik oannimme dat de polityk dat tekoart wol op ien as d’oare wize fuort figelearje sil al sizze se no noch dat se dat út noch yn net fan doel binne.

Mar feestlik sil it wurde! De iepening sil notabene opfleure wurde troch in stikmannich F35’s. Ik miende dat dy bedoeld wiene om Russen, Sinezen en boeren ôf te meitsjen mar dêr bin ik dan dus mis mei. Jo kinne ek net alles witte. De Sahara komt ek. Skynt al yn Spanje oankommen te wêzen. It soe wêze kinne dat er dêr efkes lins hâldt foar in koart ûnderhâld mei Sinterklaas. Want de krystman hat al oanjûn tenei as krystminske troch it libben te wollen (hoe’t it mei Rudolf sil, bin ik noch net gewaarwurden) mar Sinterklaas ha wy dêr noch net oer heard wylst fansels sa dúdlik as wat is dat Klaas op in manspersoan tsjut. Dat it soe faaks tiid wurde dat Sinterklaas in prip krijt!

No witte jo fansels net hoelang’t de Sahara noch ûnderweis is dat yn de tuskentiid moatte wy ús mar wat rêde. En dat kin al gau. Neffens Oes Omroep, Oes Taal ha de bouboeren it bygelyks fleanende drok op ‘t heden. Dat liket my net hiel nij ta foar dizze tiid fan it jier mar dat komt faaks ek om’t ik wolris in ierdappel en in ko sjoen ha. Dy sjogge der wakker ûngelyk út oft jo se wat better bestudearje. By Oes Omroep, Oes Taal is dat fan gjin inkeld belang. Oft se dêr in djipdollend sjoernalistyk heechstantsje produsearje oer bygelyks in oaljefant dan sette se der gewoan in foto fan in seehûn by. Dat is ommers ek in wyld bist. Sadwaande seagen wy no dus in bouboer dy’t oan it swyljen wie. It is my net bekend hoefolle prippen en griene finkjes de Oes Omroepers, Oes Talers hawwe.

Underwilens skarrelet de polityk moai wat troch. It motto liket te wurden ‘Wij zijn gevallen maar snel weer opgestaan’. It klinkt hast bibelsk. De iennichsten dêr’t wy eventueel noch wat bestekliks fan ferwachtsje kinne binne BBB en Omtzigt.

Of fan dy oare partij dy’t my frege hat lid te wurden: 1dv.nl. Ik lit dat yn my omgean want ik bin der hielendal klear mei.

Published
Categorized as Bloch