Sineesk spultsje

Yn Sina ha se útfûn dat it foar bern net goed is om hiele dagen online te gamen. Dêrom ha se dêr no betocht dat dat allinnich noch yn it wykein en op feestdagen mei mar net langer as ien oere deis. Dêr spuie wy fansels raar guod fan want dat is in fikse yngreep op de frijheid.

As se it yn Amearika betocht hiene dan wiene wy der as bline hynders efteroan fjouwere want dat dogge wy altyd. Dêrom bedarje wy ek yn eksoatyske lannen lykas Irak en Afghanistan. Net daliks mei it doel om de minsken dêr te helpen omdat dy dat frege hawwe mar om’t Amearika dat wol. En ik begryp wier wol dat as jo as militêr immen dêr holpen hawwe dat foar josels goed fiele sil mar yn de folle omfang mien ik fêststelle te kinnen dat wy hielendal neat fan dy lannen begripe en dêr allinnich al om dy reden neat oars te sykjen hawwe as om de Amerikanen te geriven.

En hoefier giet dy help eins? Moatte se dêr ek leare om fan links nei rjochts te skriuwen? Dat soe my net iens fernuverje mar dat hat fansels hielendal neat mei minskerjochten te krijen. Oft wy de politisy mei Henk Kamp foarop lykwols leauwe moatte, hawwe wy dêr alderhanne geweldige dingen dien. Ik ha dêr sa myn twifels oer. Fjirtjin dagen lyn wie der ek noch sa’n eks-militêre bobo foar dy’t sei dat de Taliban werklik hielendal neat om ‘e hakken hat. En hy koe it witte want hy hie dêr jierren sitten en lieding jûn. Hooplik is er ûnderwilens ek ta de konklúzje kommen dat er der noch minder as my fan begrepen hat.

Mar dat sizze wy fansels net want wy wurken yn opdracht fan de Amerikanen en net fan de Sinezen. Dêrom hawwe wy hjir ek net fan dy healwize fer- en geboaden foar bern. Dat se oant har 18de net oan de drank komme meie wurdt blykber as hiel wat oars beskôge mar dat is fansels eksakt itselde. Boppedat is it straal besopen dat se har op har achttjinde dan ynienen besûpe meie. Ik wit net krekt hoe’t it mei de regels foar drugs sit mar ik leau dat se dat al hawwe meie by de poppeslok. Wy binne no ienkear it lân fan de frijheid.

Wy litte ‘de’ Afghanen no dus yn ‘e steek. Allinnich dyselden dy’t ree west hawwe fan links nei rjochts te lêzen moatte eins al holpen wurde. Wat is dat foar healwiis ûnderskied? Guon dy’t dat net opbringe koene of de kâns net iens hân hawwe telle net mear mei?

Terroristen moatte jo oanpakke. Mar jo moatte net in hiel folk en kultuer om it hoekje helpe om’t de Amerikanen wer ris punten skoare moatte. En as dat mislearret net earst oan dy minsken tinke mar daliks begjinne te mjekkerjen dat de Sinezen no wol kânsen sjen sille om wat te dwaan mei wat de ierde dêr opjout.

Sineeske bern sille dat fan dat gamen wol net aardich fine. Dochs tink ik dat se op termyn better út binne as ús bern. Dy wurde wiismakke dat se tusken it gamen troch it bêste alle tiid spandearje kinne oan it protestearjen tsjin it ferbouwen en produsearjen fan iten. Peter Schouten woe al hawwe dat keallen ek rjocht op in abbekaat hawwe. Dêr soe ik noch mar efkes mei wachtsje want wy witte noch net iens oft it gouden keal no al of net in kokeal is. Boppedat binne ierdappels en ierdbeien ek natoer dat dan moatte dy ek rjochtsbeskerming hawwe.

Oft dit it erfskip fan Peter R. de Vries is dan is it noch spitiger as dat it al wie dat de man omlein is. It sil wol neat mei gamen en drugs te krijen hawwe en de kâns sil sa njonkelytsen wol hiel heech ynskat wurde dat de Sinezen dat dien hawwe.

Want dat krije jo fansels as se net mear game meie.

Published
Categorized as Bloch