Hoe manage jo de bus?

Fan guon nijsberjochten witte jo net sa goed oft jo se no hilarysk of tryst fine moatte. Hjoed sa’n berjocht yn it Friesch Dagblad. Us lokale wethâlder fynt dat der in ‘feilich paad’ komme moat fan Ingelum nei de bushalte no’t de provinsje besletten hat it sawat folslein opheffen fan it iepenbier ferfier net op te kearen.

De opfolger fan de FRAM (dy krije sawat alle wiken in nije namme dat ik weagje my der net oan te besykjen de meast aktuele te neamen) hat nammentlik betocht dat der neat sa ferfelend foar de busseboel is as om troch alle doarpen te riden. Want as jo dat dogge dan ha jo kâns dat dêr minsken binne dy’t meiride wolle en dat is allegearre moai en aardich mar dat keart de saak geweldich op. Ride mei lege bussen giet gewoan fierwei it flotst, dan krije jo ek minder klachten oer te let kommen en sa. 

Dat no moatte de Ingelumers (en de Bitgumers en Bitgummoolsters earst in kilometer as wat fytse om by in bushalte te kommen. Benammen by wynkrêft fyftjin, hagel, snie en tongerbuien dy’t wy hjir neffens de nasjonale waardwaas withoefaak hawwe liket my dat in útkomst en dat binne dochs de waarsomstannichheden dy’t noegje om de bus ris in kear te nimmen.

De Ingelumers sille no dus wol op nei de S10 moatte. En dêr moat dus in feilich paad hinne neffens de wethâlder. Mar dat paad leit der al lang want in jier as 40 lyn is foar twa boeren de ruilferkaverlingsdyk oanlein. Dêr is it net drok. Ien trekker yn de oere of sa, in hynder sjoch ik der nea. Boppedat brûke dy beide boeren dy dyk mar amper om’t se troch dy S10 fan de Ingelume wrâld ôfsnien binne. Der is noch al in oare boer oer mar dy hat sels in betonreed troch de landerijen hinne oanlein dat dy smyt ek gjin gefaar op.

Dat feilige paad is bedoelt foar de bern. Hokker bern? Bern fan ûnder de trettjin geane nei de basisskoalle en dy stiet yn Bitgummole, dat is in hiel oare kant út. Dêr jakkeret it ferkear wol 130 dêr’t 30 tastien is mar dat skynt neat net slim te wêzen. Der sille faaks ek wol in pear Ingelumer bern wêze dy’t nei it spesjaal ûnderwiis yn de sitty geane mar dy reizgje net mei de FRAM.

Dan bliuwe der dus allinnich noch in pear oer fan tusken de 13 en de 18. Net dat dy minder wurdich binne as oaren mar jo meie der wol fan ferwachtsje dat se feilich oer dy ruilferkavelingsdyk kinne.

Mar ik soe it net dwaan. Ik soe de oare kant út fytse. Dat is psychologysk ek better want dan fytse jo op ‘e sitty ta. As jo dan like fier binne as oars dat ein nei de S10 dan binne jo yn Marsum. Dat kin moai by de Ingelumer feart del oer it skelpepaad, dêr komme hielendal gjin auto’s dat feiliger is net mooglik.

Dy bus komt (no noch) wol troch Marsum dat dan kinne jo dêr opstappe.

Mar ik soe it net dwaan. Jo binne dan al oer de helte fan de reis nei de sitty dat ik soe gewoan troch fytse. Want as jo mei dy bus yn de sitty binne dan binne jo noch lang net wêr’t jo wêze moatte.

Ik wit net oft de wethâlder noch lêst, mar dit is it advys: hef dan asjeblyft alle iepenbier ferfier op en skei út mei dat ûnnoazele geëamel.

Published
Categorized as Bloch

1 comment

  1. alhiel yntegrearje yn it minskiep fan de sitty liket my it bêste idee ta want dan kinne der ek net ûngemakken ûntstean yn it deistich mobiele ferkear en hoege de dus ek gjin oplossings betocht te wurden, elk bliuwt dan gewoan teplak yn it no al gewoan digitaal ferkear..hoe feilich wolle jo it ha.. 😉

Comments are closed.