Wat in moai sieraad!

De walrus is wer ôfreizge. It moat in skrander bist wêze. Hy sil sjoen hawwe dat er yn in lân bedarre wie dêr’t se tonnen en tonnen spandearre hiene oan útlânske keunst wylst se de eigen keunstners net stean sjen woene. En út klearebare geastlike earmoed no oergien binne op healsliten objekten fan bûtenlanners.

In lân ek dêr’t (semy-)oerheidsmeiwurkers de rykstalen net hoege te behearskjen. Sa’n lân wie de walrus noch net earder tsjinkommen en ik tink earlik sein dat him dat op xyn fierdere reis ek net nochris oerkomme sil.

In lân dêr’t de lêste rekreative hoekjes foar lju dy’t gjin godsfermogen fertsjinje, net al te rom behuze binne en gjin tún hawwe opkocht wurdt troch it grutkapitaal.

In lân dat diel útmakket fan in grutter gehiel dêr’t it brede konstruktive midden sawat by wet fêstlein hat dat hoe mear’t jo lige hoe konstruktiver jo achte wurde te wêzen. En dat dat dus in prima eigenskip is. Wa’t mear fan de wierheid is tsjinnet allinnich noch as dekoratyf elemint yn dy parlemintêre diktatuer.

It lân ek dêr’t party lju wakker grutsk binne op it dragen fan in polsbantsje. It sieraad dat oanjout dat jo krekt wat mear ferstân hawwe as alle oaren. En yn alle gefallen mear as dyselden dy’t nea fan de pôle komme, santich, tachtich of njoggentich jier gjin mich kwea dien hawwe mar no ynienen delset wurde as de aldergefaarlikste lju, terroristen eins. En dy dus troch de buorlju opkeard wurde moatte om har yn in doarpshûs te fertoanen by bygelyks de jierlikse toanielútfiering.

Dat lân woe de walrus net bliuwe. Ik kin it bist perfoarst gjin ûngelyk jaan.

Published
Categorized as Bloch