Mei sokken winne jo de oarloch net

Doe’t ús omke in jier as fiif-seis lyn yn ‘e bernskens rekke en se dy man yn it sikehûs op bêd fêstbûn hiene omdat der net genôch personiel wie om him yn ‘e gaten te hâlden (doe stie it der mei de sûnenssoarch ek al fantastysk foar) is my goed dúdlik wurden wat in oarloch nei in jier as santich noch mei in minske dwaan kin. Hy hie by elk lûd, elke skym dy’t er op ‘e gong waarnimme koe oars gjin praat as dat de Dútsers it kampemint hjir opslein hiene. (Yn ‘e oarloch hat er jierren in ûnderdûker neist him yn bêd hân en waard er der geregeld op útstjoerd om te sjen oft it foar de âldelju feilich wie om de dyk út.)

Ik bin oars net sa gau fan ‘t sintrum mar doe koe ik it by it ferlitten fan it sikehûs mar amper op fuotten hâlde. Ot ik no in Hollânskpratende rabbijn wie en dit gegeven brûke woe soe ik sizze kinne ‘maar ik ben ook gewaarschuwd’. That’s all minsken.

Mar op myn Twitter-TL ferskynde wat oer in hystearyske boargemaster fan de literare sitty dêr’t se ek miene dat se wolris wat kultureels dogge. De man moat skriemt hawwe as in beuker dy’t syn sin net krijt. Letter kaam er ek noch foar Oes Omroep, Oes Taal en doe hie er de bûsdoek der al wer by. Yn De Telegraaf en op ‘e NOS ferskynden ek stikken, de rabbijn moat it wol alderheislikste mâl opsein ha.

Doe waard it foar my tiid om ris nei te gean wat dy rabbijn no krekt allegearre útholden hat. Dat foel noch net iens ta want ik stuitere earst op trije deade linken mar lang om let wiene de systemen fan de LC ree my ynsjoch yn de tekst te jaan. Dyselde LC hat in dei letter yn it redaksjoneel ek noch kommentaar levere en woe ha dat it minske der fier by troch siet.

Ik bin bang dat mear as 90% fan it folk har miening no basearret op it gemjekker fan Buma, De Telegraaf, de NOS en de LC.

En ik jou ta dat it lêzen fan it stik al justjes fan jo tiid ferget want it is gâns langer as de ûnbenullige stikjes yn de media. Boppedat steane der wat wurden yn dêr’t ik net fan wit wat se krekt betsjutte en mei’t ek ik sa no en dan de loaie kant neist bin ha ik de betsjutting dêrfan net opsocht. Mar ik leau net dat de essinsje fan it betooch my ûntgien is.

En de rabbijn hat nazi-Dútslân NET ien op ien ferlike mei de hjoeddeistige sitewaasje. Se hat in hiel soad sein en se hat warskôge.

En dat is mear as terjochte. Want Oes Omroep, Oes Taal is al sa fier dat se net-bespuite Urkers de skuld jouwe fan de oerbesetting yn Snits. Krekt as soene dêr gjin Skearnegoutumers en Ysbrechtumers lizze.

Is it dan no oarloch? Nee, fansels is it gjin oarloch. Mar dat wol noch net sizze dat it systeem net doocht en dat in rabbijn dat net sizze mei.

Ik tink dat Buma der as in âlderling yn it stek by sitten hat de sliepen en efkes wekker skrille doe’t er ien wurd hearde dat him net oanstie. Mei sokken winne jo de oarloch yn alle gefallen net.

Published
Categorized as Bloch