Haw it firus leaf

Dit wurdt in stikje sûnder nuânses. Dat skynt wakker hip te wêzen en ik mei graach in bytsje mei de tiid meigean.

Nederlân polarisearret. Wy ha no dus de bespuiten en de net-bespuiten. Dy lêste groep wurdt troch de gelearden yndield yn twa dielgroepen: swarten en guon dy’t net altefolle oan skoalle dien hawwe. Dat is moai oersichtlik en praat maklik. Wy moatte de saken net ynwikkelder meitsje as needsaaklik. Earne moat al wat misbeteard wêze want ik bin net swart en haw wol op skoalle sitten.

It punt is lykwols dat de net-bespuiten de frijheid fan de bespuiten frijwat beheine. En dat is net sa aardich want dy bespuiten binne krekt bekeard ta de religy fan de QR-koade. It binne djip-leauwige lju dy’t fromer binne as God, Allah en Boeddha byinoar mei it jubeljonkje as wiere ferlosser en it boike dat aardich mear te sizzen hat as de tolve dissipels.

De QR-religy azemet neisteleafde. Ha it firus leaf is it kredo. Sadat se oer asfaltearre ljippenêsten hinne jakkerje kinne nei witwêrsanne. Sadat Skiphol yn de hjerstfakânsje 2 miljoen religieuzen nei gâns beafeartsoarden gean litte koe. En kin.

Sadat se needsaaklike reizen nei it bûtelân meitsje kinne om’t elke leauwige dêr no ienkear wol in skoanmem mei in gammel kofjesetapparaat hat dêr’t hoe dan ek yn foarsjoen wurde moat. (Ek elke leauwige hat nammers wol kunde oan immen dy’t troch de Russen út ‘e loft sketten is en famylje oan de kâlde kant mei in Oeigoer. Kongoleeske bern dy’t libben begroeven wurde om’t se kobalt dolle moatte foar harren elektrike karkes kenne se dan wer net, likemin as Eskimo’s dy’t gjin wenstee mear kâld hâlde kinne).

Dat kofjesetapparaat. Dêrom wie it dus sa drok. Net allinnich yn de randstedelijke winkelstrjitten mar ek by de Ljouwerter Sintrale. It leger waard net ynset om dêr needsaaklik achte gatten fan oardel meter yn te sjitten. Haw it firus leaf preket de religy. Gjin wetterkanonnen.

Efkes kipe de duvel om ‘e hoeke. Doe moasten de winkels yn Sint Anne ticht.

Mar it rotsfêste betrouwen yn de religy boaze gau wer oan. Ommers, oft jo ienkear jiers ien euro oermeitsje sille nei 555 dan kin it net oars as dat jo trije kear jiers op fakânsje moatte, net allinnich oer asfaltearre ljippenêsten jakkerje mar ek alle grien opromje dat jo sear oan ‘e eagen docht om’t dêr gjin skoandere sinneplaten lizze. En al dy skjinne loften as gefolch fan gjin útstjit binne jo in griis yn ‘e eagen, plantsje se fol wjukken.

Haw it firus leaf. Mar dat is net yn ‘e see. Goai dy plasse fol konteners, ferbalje de fisken, lit der stroom trochhinne rinne. Ferankerje de saak yngreven, dus net mei in simpel stekpealtsje.

Gean der mei troch. Haw it firus leaf. Flean elk, dus ek poerfrjemd, op ‘e bek en stek him de tonge yn ‘e strôt. Mar doch it net langer as in kertier want dan komt dy duvelske app yn aksje. Haw it firus leaf. Mei mate.

Ik sil my op Sinteklaasjûn ferklaaie as Swarte Pyt en dan doch ik krekt as ha ik net op skoalle sitten. Sadat de religieuzen it gedicht in bytsje knap lêze kinne.

Haw it firus leaf, seit it jubeljonkje,

dan kinsto moai mei dyn sinten pronkje.

Dansen met Jansen,

Gun het virus ook zijn kansen.

Neen, je hoeft niet weer te stemmen.

Wij zijn niet te temmen.

De wrâld is rûch,

en fan ús spuit wurdst allinnich in bytsje slûch.

Frette kringen.

Versje zingen.

Published
Categorized as Bloch